Ewijckshoeve
De Ewijckshoeve is in lângoed tusken Soest en Den Dolder by Lage Vuursche yn de provinsje Utert.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1695 waard der yn de registers fan de provinsje Utert oer Ewijckshoeve skreaun. Yn 1685 wie ek al sprake fan in terrein dat syn namme ûntliende oan de eigener, de hear Justus fan Ewijck. Hy liet syn Ewijckshoeve lykwols pas yn de jierren njoggentich fan de 17e iuw bouwe.
De pleats ûndergie yn de rin fan de iuwen grutte feroarings. Hy baarnde sels yn de 19e iu oan de grûn ta ôf. It hûs dat yn 1830 op de âlde fûneminten boud waard is foar it grutste part itselde bleaun.
Tusken 1870-1879 kaam it hûs yn hannen fan de keninklike famylje dy't al Paleis Soestdyk en Prins Hendriksoard yn besit hienen. Ewijckshoeve waard doe bewenne troch Hendrik fan de Nederlannen, in broer fan kening Willem III, dy't yn 1879 stoar. Nei syn dea bleau it hûs noch in skoftke yn besit fan de famylje.
In oannimmer kocht it bûten yn 1881 en ferhierde it oan de skilder Willem Witsen. Earst yn 1924 kaam it wer yn oare hannen. Dêrnei waarden oan beide siden fan it hûs hoekkeamers byboud.