Willem Witsen
Willem Arnoldus Witsen (Amsterdam, 13 augustus 1860 - dêre, 13 april 1923) wie in Nederlânske keunstskilder, fotograaf en etser. Hy kaam út in begoedige famylje, dêr't ek de 17e iuwske reginten Cornelis Jan Witsen en syn soan Nicolaes Witsen ta hearden.
Witsen, dy't beynfloede waard troch de Amerikaanske skilder James MacNeill Whistler, portrettearre faak sawol rêstige stedsgesichten as agraryske taferelen. Hy makke ek portretten en foto's fan foaroansteande figueren út de Amsterdamske keunstwrâld. Hy wurdt rekkene ta de Amsterdamske ympresjonisten.
Witsen studearre oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en yn Antwerpen.
Famyljedrama
bewurkje seksjeYn 1889 die Willem Witsen syn suster, de sjongster Anna Witsen, har tekoart. Sy fersûpte yn de fiver fan de bûtenpleats fan de famylje, de Ewijckshoeve. Herman Gorter hellet dat barren oan yn syn gedicht in de zwarte nacht is een mensch aangetreden dat opnaam is yn syn bondel 'Verzen' (1890).
Fotografy en brieven
bewurkje seksje- Witsen syn orizjinele foto's litte syn ûnderfining as etser sjen troch syn omtinken foar perspektyf, komposysje en yt wurkjen yn nuânses fan swart en wyt.
- Witsens korrespondinsje dy't sawol fan literêr as keunsthistoarysk belang is, is te lêzen op de side fan de DBNL.[1].
-
Brief fan Witsen oan Verwey (1888)
-
Willem Kloos, Pet Tideman en Hein Boeken (1892)
-
Paul Verlaine (1892)
-
Dûbelportret fan Arthur van Schendel (1899)
Galery
bewurkje seksje-
Lânskip by Diepenheim (Warmerlo), skilderij, 1886-87
-
Rein, Thames Embankment, Londen, ets op papier, 1890
-
Prins Hendrikkade te Amsterdam, 1891, akwarel op papier
-
Riviergesicht yn Londen, om 1900, oaljeferve op paniel
-
Beurtskippen oan in steiger lâns it Damrak, 1906, oaljeferve op doek
-
Huzen oan in greft yn Amsterdam, 1907, akwarel op papier
-
Pakhuzen oan in Amsterdamske greft op Uilenburg, 1911, oaljeferve op doek
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Unthâld fan Nederlân: Willem Witsen: Tachtiger in brief en beeld
- In Amsterdamske ympresjonist yn Dordrecht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |