Erskine Hamilton Childers

Erskine Hamilton Childers (Londen, 11 desimber 1905 - Dublin, 17 novimber 1974) wie de fjirde presidint fan de Republyk Ierlân, fan 1973 oant 1974. Hy wie in soan fan skriuwer Robert Erskine Childers. Hy wie Iersk parlemintariër fan 1938 oant 1973.

Búste fan Childers yn St. Patrickskatedraal, Dublin

Erskine H. Childers waar berne yn Londen, yn in protestantske Ierske famylje. Heit Robert Erskine Childers (ek ferneamd as Erskine Childers) waard ek yn Ingelân berne mar hie Ierske âlden. Syn mem Mary Alden Childers kaam út Boston, mar hie ek Ierske foarfaren. Om 1920 hinne ferfarren syn heit en men nei Ierlân en waarden dêr grutte foarstanners fan in ûnôfhinklik Ierlân.

Childers boaske yn 1925 mei Ruth Ellen Dow, dy't 1950 kaam te ferstjerren. It pear krige fiif bern. De anglikaanske Childers troude twads yn 1952 mei Rita Dudley.

Polityk wurkpaad

bewurkje seksje

Childers waard lid fan de politike partij Fianna Fáil. Hy wie lid (TD) fan it Ierske Parlemint (DE) fan 1938 oant 1973. Tusken 1951 en 1973 ferfolde er ferskate ministersposten yn de Ierske regearing. Op 30 maaie 1973 waard Childers keazen ta presidint fan de Republyk Ierlân, fan 25 juny 1973 ôf fungearre er as presidint oant syn hommels ferstjerren (troch in hertynfarkt) op 17 novimber 1974. Hy krige in steatsbegraffenis yn de St. Patrickskatedraal yn Dublin.

  • John N. Young, Erskine H. Childers: President of Ireland

Keppeling om utens

bewurkje seksje