Robert Erskine Childers
Robert Erskine Childers DSC (Londen, 25 juny 1870 – Dublin, 24 novimber 1922), algemien bekend as Erskine Childers,[1][2] wie de skriuwer fan de ynfloedrike roman Riddle of the Sands en in Iersk nasjonalist, en waard eksekutearre troch de autoriteiten fan de Ierske Frijsteat yn de Ierske Boargeroarloch. Hy wie de soan fan de Britske oriïntalist Robert Caesar Childers, de neef fan Hugh Childers (foarstander fan Ierske selsbeskikking) en Robert Barton; en de heit fan de fjirde presidint fan Ierlân Erskine Hamilton Childers.
Childers wie troud mei Mary Alder Osgood (1887-1974), in yn Amearika berne, Iersk skriuwster en nasjonaliste. Mary is wol fertocht fan spionaazje foar de Ingelsen yn Ierlân, mar slettend bewiis is der net fûn.
Libben
bewurkje seksjeErskine Childers waard al betiid wees, hy waard grutbrocht by syn omke yn County Wicklow. Letter studearre er oan it Trinity College yn Cambridge en wurke fan 1895 ôf by it Britske Leger Hûs. Hy mocht graach seesile en hie meardere boaten en makke syltochten op de Noardsee, Eastsee en Atlantyske Oseaan.
Yn 1899 melde Childers him as frijwilliger yn de Boerekriich, hy wie doe noch in foarstander fan it Britske Ympearium. Hy rekke, as offisier, swier ferwûne en moast ynfalide werom nei Grut-Brittanje. Doe skreau er syn ferneamde roman The Riddle of the Sands (Frysk: It riedsel fan it Waad), dy't yn 1903 útbrocht waard. Hjiryn beskriuwt er de ûntdekking troch de haadfiguer fan de Dútske tarieding op in oanfal op Ingelân. It ferhaal spilet him ôf yn de Dútske Waadsee. It boek wie sa realistysk en ynkringend dat Winston Churchill, nei't er lêzen hie, de Britske Admiraliteit floatbasissen oanlizze liet yn Invergordon, Firth of Forth en Scapa Flow. Dizze roman jildt as de earste moderne spionaazjeroman.
Yn de neifolgjende jierren skreau er ferkate militêre boeken, dy't kritysk wiene foar de Britske militêre strategy en taktyk oer. Ek yn dy snuorje waard Childers in fûl oanhinger fan de Ierske ûnôfhinklikheids beweging en foarfjochter fan de Home Rule League. Sa smokkele er mei syn frou, in pear dagen foar it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich, Dútske wapens nei Ierlân, dy't yn 1906 by de Peaskeopstân brûkt waarden. Men brûkte dêrfoar it Osgood famyljejacht Asgard.
Wurk
bewurkje seksjeYn de Earste Wrâldkriich tsjinne Childers as offisier yn de Royal Navy op de Noardsee en ek by de Dardanellen. Childers waard befoardere ta kaptein-luitenant en ûnderskieden mei de Distinguished Service Order. De Peaskeopstân yn Ierlân waard bluodderich delslein en dêrtroch radikalisearre Childers, dat hy sleat him oan by de Sinn Féin fan Éamon de Valera en Michael Collins. By it Ferdrach fan Versailles fertsjintwurdige er de Ierske Nasjonalisten en waard parsewurdfierder fan it nij oprjochte Ierske parlemint. Hy ûntjoech him as in skerp kritikus fan de Britske Ierlânpolityk en fan minister-presidint David Lloyd George. Yn 1921 waard er as fertsjintwurdiger fan it greefskip Wicklow keazen yn it Ierske Legerhûs.
Hoewol't Childers yn it earstoan delegaasjelieder wie fan de Ingelsk-Ierske gearkomst fan 6 desimber 1921, dy't letter laat hat ta de opbou fan de Ierske Frijsteat, wiisde er dy letter strang ôf. Foaral om't der konstitúsjonele ferbinings mei it Feriene Keninkryk bleaune en it Iersk regear te folle yn syn macht beheind bleau neffens him, dat gjin folsleine soevereiniteit foar Ierlân soe it gefolch wêze. Dit skeel hat letter laat ta de breuk tusken Sinn Féin en it IRA en ek rillegau de Ierske Boargerkriich feroarsake (juny 1922-april 1923). Boppedat waard Childers troch de soldaten fan de Ierske Frijsteat, as liedend anti-propagandist, neisitten en al gau fêstnommen yn Glendalough. Op 24 novimber 1922 waard Childers yn Dublin by de Beggar's Bush Barracks troch in eksekúsjepeloton deasketten.
Erskine Hamilton Childers (1905–1974), syn soan, wie fan 1973 oant syn dea 1974 de fjirde presidint fan de Ierske Republyk.
Biografy
bewurkje seksje- Leonard Piper: "Dangerous Waters: The Life and Death of Erskine Childers" ( "The Tragedy of Erskine Childers" (Hambledon) (2003) ISBN 1852853921
- Jim Ring: "Erskine Childers: A Biography" (John Murray)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Fergees e-boek: "Riddle of the Sands" en "In the Ranks of the CIV", plus kar út Childers bibliografy
- Childer's bydrage oan the Dail yn 1922, ferhellet oer syn tsjinst by de Britske Geheime Tsjinst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |