Esserveld (Grins)

It Esserveld (1924) is in begraafplak oan de Esserweg yn de gemeente Grins.

It Esserveld yn 2012
De sintrale as fan it Esserveld, 2009

Esserveld waard oanlein oan de súdkant fan de stêd Grins, beëasten de Verlengde Hereweg, doe't begjin jierren tweintich fan de 20e iuw it Noarder- en Suderbegraafplak fol rekken.[1] It begraafplak is konsintrysk oanlein om in sintrale as fanôf de yngong hinne.

It poartegebou mei tagongsbrêge waard fanwege de gemeente boud neffens in ûntwerp fan Siebe Jan Bouma. It is boud yn de styl an de Amsterdamske Skoalle. Yn 1994 waard it hiele begraafplak mei poartegebou oanwiisd as ryksmonumint.

Op it Esserveld is 1946 in oarlochsmonumint set, dat makke waard fan byldhouwer Willem Valk (1898-1977).

In 2012 wie it Esserveld it djoerste begraafplak fan Nederlân.[2]

Dêr beïerdige

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Groningen - De geschiedenis van het begraven in Groningen
  2. OOG Radio en TV, 12 maart 2012: Esserveld duurste begraafplaats in Nederland