It Estlânsweedsk (Sweedsk: estlandssvenska; Estysk: rannarootsi keel) is in (hast) útstoarn dialekt fan it Sweedsk, dat yn Estlân sprutsen wurdt. It hearde ta de East-Sweedske dialekten en waard troch de Estlânsweden sprutsen op de eilannen Vormsi, Saaremaa, Hiiumaa en Ruhnu. Oant de Twadde Wrâldoarloch wie it neist it Estysk, de omgongstaal én de offisjele taal op dizze eilannen.
It is net dúdlik oft der noch sprekkers fan de memmetaal binne. Nei de ûnôfhinklikens fan Estlân nei it útelkoar fallen fan de Sovjet-Uny belibbe it Estslânsweedsk in oplibbing, mei kursussen yn de taal dy't op Dagö en Ösel oanbean waarden.
Op dit stuit is it tal memmetaalpraters ûnbekend, mar oannommen wurdt dat it leech is (2018).[1]

De Estlânsweedske Maria Murman spilet in iuwenâld Sweedsk liet op in siter yn har hûs op Vormsi.

Estlânsweedsk: Stick tälknin i stolpan o hälvtor stolpan topa kalkan, säte Halmen o Hälma färe kalkan o ker te Nuckö toka.

Standertsweedsk: Stick täljkniven i stolpen och vält stolpen på kälken, sätt Hjälmen och Hjälma för kälken och kör till Nuckö.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rosenkvist, Henrik (2018). "Estlandssvenskans språkstruktur". Universiteit fan Göteborg. Rieplachte 18 juny 2020