Saaremaa (eilân)
Saaremaa (Dútsk (hist.) en Sweedsk: Ösel, betsjut 'eilân') is in eilân foar de westkust fan Estlân; it op ien nei grutste yn de Eastsee. It omfiemet 2673 km² en hat 35.584 ynwenners, dêr't 15.000 fan yn it haadplak Kuressaare wenje. Mei it oanswettende Muhu foarmet Saaremaa de provinsje Saarema (maakond).
Saaremaa is ticht beboske.
It haadplak Kuressaare is ûntstien om in biskopsboarch hinne en is in fanâlds ferneamde kueroarde. In protte plakken op Saaremaa hawwe tige âlde tsjerken (sa as: Valjala, Karja, Pöide, Kaarma) dy't ek in ferdigeningsfunksje hienen.
In geologyske nijsgjirrichheid op Saaremaa is de kratermar fan Kaali, dy't in trochsneed fan 110 meter hat en begjin earste millennium f.Kr. ûntstien is troch in meteorytynslach.
It eilân hat in fêste ferbining mei it buoreilân Muhu. Muhu is út de Estlânske haven Virtsu wei te berikken. Teffens is der in boatferbining mei Hiiumaa dat benoarden Saaremaa leit. Yn de simmermoannen fart der ek in boat nei Ventspils yn Letlân.
Ferneamde persoanen
bewurkje seksje- Fabian Gottlieb von Bellingshausen: Russysk marine-offisier.
- Karl Boella, Dútsk-Russysk fotograaf
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saaremaa fan Wikimedia Commons. |