Eugènie Herlaar (Willemstêd (Kurasau), 10 novimber 1939 - Alkmaar, 14 augustus 2024) wie in Nederlânske nijslêzer fan de Nederlandse Omroep Stichting en logopediste. Se wie de earste froulike nijslêzer fan it NTS-sjoernaal, de foarrinner fan it NOS sjoernaal. Nei't se in bern krige moast Herlaar út fêste tsjinst, mar presintearre as freelancer no en dan it Achtoeresjoernaal. Nei de berte fan har twadde bern hold it sjoernaal yn 1969 op mei har. Hja folge in stúdzje logopedy en wurke in pear jier yn in tehûs foar ferstanlik beheinde bern. Yn 1975 frege it Achtoeresjoernaal har foar in proef mei duopresintaasje. Herlaar foarme in fêst koppel mei Harmen Siezen, al die bliken dat de duopresintaasje perfoarst gjin sukses wie. Yn 1998 waard se beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau en yn 2008 waard se ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Eugènie Herlaar ferstoar op 14 augustus 2024, yn 'e âldens fan 84 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|