Jeropeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske

It Jeropeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske of Europeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Minske (ôfkoarte EFRM), en ek wol bekend as it Ferdrach fan Rome is in ferdrach dat op 4 novimber 1950 yn Rome ôfsletten waard tusken de lidsteaten fan de Rie fan Jeropa. De oansletten lannen garandeare elkenien dy't ûnder harren rjochtsmacht falle in tal grûnrjochten en frijheden. It ferdrach sette útein op 3 septimber 1953. De ratifikaasje yn Nederlân fan it ferdrach barde yn 1954.

It ferdrach is baseare op de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske en neamt de frijheden dêr't foar ynstean wurde moat: it rjocht op libben, it rjocht op persoanlike frijheid en feiligens, it rjocht op in earlik proses, gjin straf sûnder wet, de frijheid fan godstsjinst, de frijheid fan mieningsútering, de frijheid fan ferieniging en gearkomste en it rjocht om te boasken en in eigen gesin te stiftsjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje