Kanaaltunnel
De Kanaaltunnel (ek wol Eurotunnel) is in tunnel ûnder it Nau fan Calais en ferbynt Frankryk mei Grut-Brittanje. De tunnel is 55,19 kilometer lang en bestiet út trije buizen dy't meiïnoar ferbûn binne. Twa buizen binne foar it treinferkear, ien foar elke rjochting, de tredde buis is in servicebuis. De tunnel waard tusken 1987 en 1994 boud.
Skiednis
bewurkje seksjePlannen foar de tunnel wienen der al earder. Yn 1751 stelde de Frânsman Nicolas Desmaret út, om in ferbining tusken Ingelân en Frankryk te meitsjen. Yn 1802 waard it earste ûntwerp foar de tunnel presintearre. Yn dat ûntwerp soenen koetsen, lutsen troch hynders, ride moatte. Omdat it technysk net helber wie, en kriich tusken Ingelân en Frankryk útbriek, waard it plan net trochset. Dêrnei folgen oare plannen, lykas in stielkonstruksje op de seeboaiem.
Yn 1984 kamen fiif konkrete útstellen foar in tunnel út Grut-Brittanje. Der kamen ferskate útstellen op it aljemint, net inkeld mei tunnels, mar ek dammen en hingbrêgen. Yn 1985 koenen ideeën ynstjoerd wurde foar de tunnel. It Britsk-Frânske bedriuw 'The Channel Tunnel Group Ltd/France-Manche SA' krige de opdracht. Yn 1987 begûn de boaring fan de tunnel yn Grut-Brittanje. Yn 1988 begûn it boaren oan de Frânske kant.
Argewaasje
bewurkje seksjeDe tunnel kaam by de bou en nei de iepening gauris yn it nijs. De kosten fan de bou fan de tunnel wienen folle heger as tocht wie. Yn 'e rin fan de tiid binne de prizen foar de fearboat en de fleanmasine binne hieltyd goedkeaper wurden, wêrtoch de tunnel lêst hat fan konkurrinsje. Dêrneist komme de feilichheiseasken fan de oerheid. De tunnel is in mooglik doelwit foar terroristen en moat dêrom oan in oantal feilichheidsbetingsten fan de oerheid foldwaan. Yn 1996, 2006 en 2008 wie der brân yn 'e tunnel. De reparaasjekosten fan de lêste brân bedroegen sa likernôch 60 miljoen euro.