Evert Caspers (Ljouwert, 11 novimber 1897 - Swolle, 16 desimber 1976) wie in Fryske learaar, keunstskilder en grafikus.

Libben en wurk bewurkje seksje

Yn syn legereskoalletiid wenne Caspers yn Winschoten dêr't heit learaar oan de ambachtsskoalle wie. Hy gie de kweekskoalle yn Ljouwert troch en waard dêr skoalmaster oan de Vlietster skoalle. Dêr krige er ek kunde oan syn lettere frou, dochter fan it skoalhaad. Fan 1920 oant 1926 folge hy lo- en mo-kursussen foar de akte tekenlearaar. Fuort dêrnei waard er learaar tekenjen en direkteur fan de mo-oplieding tekenjen oan de hts yn Ljouwert. Hy wie dêr de opfolger fan Harm Ellens. Teffens wie er keunstresinsint foar de Ljouwerter Krante.

Fan 1926 ôf waard Caspers hieltyd aktiver as byldzjend keunstner. Hy makke sawol wurk yn opdracht as frij wurk; foaral tekeningen, houtfiken en gûasjes. Hy wie grafikus en typograaf foar it Fryske literêr tydskrift De Holder (1926-1929) dêr't syn namme klank troch krige. Fierder wurke er mei oan in grutte hoemannichte boekútjeften, kalinders en brosjueres. Bekend is de houtfyk dy't er makke fan Fedde Schurer foar dy syn twadde dichtbondel Utflecht, die voorin werd opgenomen. Yn dy perioade hie Caspers noch frije tiid genôch om mei syn wurken om te dokterjen. Dat waard lykwols oars doe't er tekenlearaar en learaar kultuerskiednis oan de HBS yn Swolle waard. Dêr joech er fan 1937 oant syn pensjonearring yn 1962 les. Yn de jierren dy't oerbleaune gie er troch mei syn keunstwurken, almeast frij wurk.

Caspers waard bot beynfloede troch it kubisme en it abstraktisme. Yn syn libben waard syn wurk ferskate kearen útstald. Yn 1977 organisearren It Prinsessehof yn Ljouwert en De Librije yn Swolle in grutte oersjochtstentoanstelling. Ek yn 2008 wie der sa'n tentoanstelling mei skilderijen en houtfiken fan Caspers yn it Steedlik Museum fan Swolle.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: