Everybody Knows This Is Nowhere

Everybody Knows This is Nowhere is it twadde solo-album fan de Kanadeeske sjonger/lietskriuwer Neil Young en it earste mei syn begeliedingsband Crazy Horse (earder: the Rockets).It album is útbrocht yn 1969, it selde jier wêryn ’t Neil Young foar it earst gearwurke mei Crosby, Stills & Nash.
Op it album steane sawol sêftere, melodieuzere ferskes as lûdere muzyk. De lieten “Cowgirl in the sand” en “Down by the river” duorje sa’n 9 oant 10 minuten en dêr sitte lange, rûge gitaarsoloos yn.

Tracklist bewurkje seksje

It album bestiet út de folgjende lieten.

  • Cinemon Girl *****
  • Everybody knows this is nowhere ****
  • Round and Round ****
  • Down by the river *****
  • The loosing end ***
  • Running dry (requiem for the Rockets) ****
  • Cowgirl in the sand *****

De stjerren jouwe de beoardieling fan de lieten oan troch “The Ultimate Music Guide: Neil Young”. Op de hiemside “All Musyk Guide “ wurde de albums per artyst beoardiele. Beide beoardielingen rinne fan ien stjer (“striemin” ) oant fiif stjerren (“poerbêst)”. Dit album hat fiif stjerren krigen.

Muzikanten bewurkje seksje

  • Neil Young - sjonger, gitaar
  • Danny Whitten – gitaar, eftergrûn sang
  • Ralph Molina - drums
  • Billy Talbot - basgitaar
  • Robin Lane – eftergrûn sang op "Round & Round"
  • Bobby Notkoff – fioele op "Running Dry"

Keppeling om utens bewurkje seksje