Eysmastate
Eysmastate of Eysema heert en mooglik Yelsemawarff (1492) stie eastlik fan Boerum yn de gemeente Kollumerlân. it boujier is ûnbekend en der is neat fan werom te finen.
Skiednis
bewurkje seksjeOmdat it grûngebiet fan Boerum foar it meastepart út kleastergoed bestie en eigendom wie fan it Gerkeskleaster wienen der ûnder dit doarp mar in pear stinzen en states. De wichtichste en grif âldste dêrfan wie Eysmastate. Oer it stee fan de stins bestiet betizing en geregeldwei wurde de nammen Eysma en Eysinga troch elkoar brûkt. Neffens skriuwer mr. Andreae stie der tichtby it doarp in state dy't as ’t Hoogh betitele waard en troch de kaartmakkers Schotanus en Wopke Eekhoff as Eysingastate oanjûn waard. Eysmastins/-state hat lykwols fierder eastlik stien, ticht by de Lauwers.
De Eysema's of Eysma's te Boerum wurde geregeldwei as rjochter neamd: yn 1497 Hero Eysma, yn 1501 en 1520 syn soan Gjelt Eysma, yn 1578 dy syn pakesizzer Gylt Eysma. In oare soan fan Hero, Wyert Eysma, waard yn 1502 of 1505 op in gearkomste fan fertsjintwurdigers fan de Saksyske hartoch en de Grinslanners yn it Gerkeskleaster deastutsen troch in Tjalling Bouwma of Buwema. De moardner waard troch de mûntsen ferstoppe en fuortholpen, oars soe it him grif de kop koste hawwe. Dochs skine de Eysma’s der in rjochtsaak fan makke te hawwen want neffens in oarkonde út 1506 hie it kleaster op befel fan de Saksyske foarst de lêste termyn útbetelle fan zalighe Wyerts lyff geldinghe. De famylje joech dêrta in kwitânsje oan de erfgenamten fan Bouwma dy't troch de grytman Schelte Tjaarda besegele waard.
Om 1558 hinne wie Tet Eysma fan Kollum widdo fan Lolcke Donia út Easterein. Yn 1586 wenne Ant Eysma op Eysmastate toe Burum. It paad nei de state ta hiet yn 1492 Eysemawech, yn 1627 reedt van Eysmasaete of vuytwech nae Eysmaheert en noch letter 't kerckepad van Eysma hornleger.
Oan de ein fan de 16e iuw krige Dirck Fogelsangh de state; diels troch keap (1616), diels troch fererving kaam it dêrnei oan syn dochter Sjouck, troud mei Jacob Pybes fan Doma. Hja ferkochten it goed yn 1620 oan Gerrit Jelckes. Dy syn widdo ferkocht it yn 1641 wer: oan Theodoricus Fogelsangh, sekretaris fan Frjentsjerteradiel, en soan fan neamde Jacob Doma en Sjouck Fogelsangh. Dy ferkocht de state yn 1661 oan Tjeerd fan Scheltinga. Yn 1698 en 1700 hearde it goed foar twatredde diel oan Scheltinga's en foar ientredde oan dr. Otto fan Bolten.
By de ferskillende oerdrachten blykte dat op Eysma state yn 1661 noch in stins stie. Dy waard yn 1616 neamd, doe't sprake wie fan de gerechtigheit aen't Steenhuys en fan de by de state hearrende grêven yn de tsjerke. Yn 1620 wurde neamd Eysma state en zaete met huys, stins ende schuyren en 65 pondematen land en de graven in de kerk; yn 1641 de stins, suaneiacht en legersteden in de kerk; yn 1661 d'oud stins met de legersteden of grafkelder. Ut de beskriuwing fan 1616 bliek fierders dat de pleats 14 fekken lang wie, mei in skuorre en molkenkeamer fan 12 fekken en it wenhûs fan de pachtboer 2 fekken. Dat wenhûs wie sûnder eigen muorre tsjin de muorre fan de stins, dy't yn eigendom en gebrûk by de lânhear wie, oanboud. Yn 1718 lei op it terrein in gewoane pleats, yn 1832 in lyts húske, mids túngrûn.
- Bewenners
- 1497 Hero Eysma
- 1501, 1520 Gjelt Eysma
- 1578 Gylt Eysma
- 1586 Ant Eysma
- Dirck Fogelsangh
- 1616 Sjouck Fogelsangh en Jacob Pybes fan Doma
- 1620 Gerrit Jelckes
- 1641 Theodoricus Fogelsangh
- 1661 Tjeerd fan Scheltinga
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|