Eyso de Wendt
Eyso de Wendt (Kollum, 1718 - dêre, 1780) wie in ferneamd keapman by de VOC en letter grytman fan West-Dongeradiel.
Libben en wurk
bewurkje seksjeEyso kaam út in begoedige famylje. Syn heit Willem de Wendt († 1733), wie advokaat fan it Hof fan Fryslân en fiskaal fan Kollumerlân. Syn pake Eiso de Wendt ? - 1686) wie boargemaster fan Dokkum en stamheit fan it laach. [1]
Eyso de Wendt kaam yn tsjinst fan de VOC doe't er 16 jier wie. Yn 1734 ferfear er mei syn neef Adriaan Bergsma (1702-1780; út de rike Dokkumer famylje Bergsma), nei de East. Hy wie yn 't earstoan ûnderkeapman yn Surat yn Yndia. (Syn broer Gerardus de Wendt, dy't letter foar de VOC nei Batavia gie, skopte it ta majoar).
Eyso beklaaide ferskate wichtige posten. Hy waard úteinlik 'direkteur fan de hannel op Sina' en garre in grut fermogen. Yn 1760 gie er werom nei Kollum, nei syn mem Idske Beylanus. Hy liet doe de bûtenpleatst Oostenburg sette (1773). [2] De Wendt stipe de earme- en wezesoarch en sette him yn foar wurk yn Kollum. It bûten Oostenburg waard letter earmhûs.
De Wendt waard yn 1772 grytman fan West-Dongeradiel, in funksje dy't er kocht hie fan de famylje Van Aylva.[3]
De Wendt bleau frijfeint en stoar te Kollum dêr't er byset waard yn in grêfkelder. De NH-tsjerke hat syn wapenboerd en byldhoude banken dy't er skonken hat. [4]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|