'Fûgels' is in Frysk liet fan Die Twa. It waard skreaun troch Krijn en Jacob Dijkstra en Bart Erkelens. Fûgels waard yn de hjerst fan 2009 útbrocht as tredde single fan Die Twa. Op de efterside fan de single stiet in akûstyske ferzje.[1] Foar it nûmer waard in begeliedingsarranzjemint makke troch Feike van Tuinen.

De tekst ropt op om yn de leafde de frijheid fan de fûgels te fielen. Yn 2009 kaam it binnen op de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. De jierren dêrnei stie it yn de Top 3, mar yn 2015 stie it nûmer boppe-oan yn dy list. Yn 2011 waard it keazen as populêrste nûmer yn de Waterstad FM Top 100 fan it Noarden.[2]

Te hearren op

bewurkje seksje
  • It beste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslan 4 (CD)
  • Die Twa (3:47, april 2010, CD)
  • Het Beste Uit "De Sterrenparade" Diel 1, hitlijst fan RTV-Oost mei Nasjonale en Regionale artysten
  • It beste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslan 4 (2000, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: