WTC Expo

(Trochferwiisd fan FEC)

WTC Expo is it grutste beurskompleks fan Fryslân.

It WTC-Expo

It hjoeddeiske World Trade Center is begûn as tentoanstellingbeurs en as feemerkhal. Op 1 juny 1953 kaam de gemeenteried fan Ljouwert mei it beslút om de feemerk te ferplakken nei in terrein oan de Heliconwei. Dizze Heliconwei wie in ûnderdiel fan de takomstige Rûnwei om Ljouwert. Der waard yn it earstoan wurke oan in iepen merk. Hjirmei waard begûn yn july 1956. By it wurk waard de rop om in folslein oerdekte merkromtefjild sterker. Yn oktober 1959 kaam de gemeente mei it beslút om in grutte hal del te setten, dy't de hiele merk beslaan soe. De earste peal waard op 13 febrewaris 1961 slein. Ungefear 2,5 jier letter wie de Fryslânhal klear. By de iepening fan de Fryslânhal op 16 septimber 1963 troch Keninginne Juliana waard tusken 16 septimber - 21 septimber 1963 in tentoanstelling hâlden: de Frisiana. In oantal jierren letter waard der in nije hal byboud, de nije feemerkhal. Dêrnei kaam der in kantoarpân mei de letters E.A.T.C. der op, it European Agri-Nutri Trade Center. Op 23 novimber 1996 ûntstie der in brân yn de âlde feemerkhal troch in pear jonges dy't mei lúsjefers boarten efter it hea. De hal waard werboud, wêrnei't de namme wizige waard yn Frisian Expo Center (FEC) De name FEC hat oant ein 2005 bestien, wylst it E.A.T.C. al earder fan de gevel ferdwûn. De namme FEC is ferfongen troch WTC Expo en it E.A.T.C. is WTC Ljouwert woarn.

Hjoeddeiske stân en takomst

bewurkje seksje

Troch de oergong fan Fryslânhal nei FEC krigen de hallen ek in eigen namme. De nije hal krige de namme Saksenhal en de nije feemerkhâl waard Friezenhal neamd. Yn de Friezenhal wurde neist de feemerk ek rommelmerken hâlden wylst de Saksenhal benammen brûkt wurdt foar eksposysjes. It súkses fan de ekspo Boat Hollân soarge foar útwreiding mei de Frankenhal. Fierdere útwreiding soarge foar de Keltenhal. Teffens waard de entree ferpleakke fan de yngong oan de Heliconwei nei de Frankenhal. By de lêste oanpassing waard de Friezenhal in stik lytser makke, wêrby't de âlde haadyngong fan de eardere nije feemerkhal de yngang waard fan it Holland Casino. Tsjintwurdich is it ien fan de grutste beurskompleksen fan Nederlân mei 34.000 m² romte. Op 1 desimber 2006 waard it Holland Casino iepene yn it WTC Kompleks yn Ljouwert. Op 12 desimber 2007, in dik jier nei de iepening, waard yn in parsebrjocht fermelden dat Holland Casino langer bliuwe wol troch in omsetting fan de tydlike fergunning yn in permaninte fergunning. Mei de tydlike fergunning koe it kasino oant 1 desimber 2011 op de hjoeddeiske lokaasje bliuwe. Yn 2008 begûn de bou fan it Golden Tulip Ljouwert as útwreiding fan it kompleks en ek stiet der in winkelstrjitte en in megabiokcoop yn de bouplanning. Ek útwreiding fan de eksporomtes is pland. Yn 2010 moat der yn totaal 47.000 m² romte wêze. Dit betsjut mooglik in ferhuzing fan de iishal fan Ljouwert. Ek stiet der in nij Cambuurstadion yn de planning, dêr't de fuotbalklup fan Ljouwert in plak krije moat. Dêrom hat WTC Ljuwert har sponsoringkontrakt iepenbrutsen en mei twa jier ferlinge.

Eigener en sponsoring

bewurkje seksje

De eigener fan it WTC Ljouwert is Stichting de Prins Bernardhoeve en it bedriuw wurdt lieden troch in trijekoppige lieding. Oant foar koart hie de gemeente Ljouwert oandielen yn it kompleks. WTC Expo is de haadsponsor fan SK Cambuur Ljouwert en fan Futsal Cambuur. Koartlyn hat WTC Ljouwert oankundige kommend seizoen net mear de haadsponsor te tsjinjen. Wol bliuwt WTC Ljouwert stjer sponsor.

Eltse wike wurdt yn it WTC Expo de feemerk fan Ljouwert holden.

Beurzen dy't elk jier yn it kompleks fan WTC Ljouwert organisearre wurde:

  • Boat Hollân - Op de earste wettersportbeurs fan it jier wurdt it wettersportseizoen iepene;
  • Horesca - In beurs mei ynformaasje oer de horeka (foarhinne yn de Prins Bernhardhoeve te Súdlaren;
  • Hûstún - In beurs mei innoviteiten oer wenjenen túnkjen;
  • Caravana - In beurs mei ynformaasje oer kampearen en karavans (ek foarhinne yn de Prins Bernhardhoeve fan Súdlaren);
  • Vrouw - In nije beurs foar de dynamyske, snoade en trendy frou.

Ek wurde yn it WTC in oantal muzikale eveneminten hâlden:

  • Taptoe Ljouwert mei in protte showbands út it ynternasjonale muzyksirkwy;
  • Poer Hollânsk - In Hollânske feestjûn mei Nederlânske artysten;
  • Fryske Music Night - Op dit muzikale evenemint wurde artysten útnûge om harren hit(s) yn it Frysk te sjongen. Hichtepunt fan 2009 wie Dana Winner mei it nûmer Ik Hou van Jou (cover fan Maribelle) yn it Frysk.

It WTC Expo yn Ljouwert wie yn 1998 en letter fan 2002 oant 2009 de lokaasje fan Domino Day.

Yn septimber en oktober 2018 waarden yn it WTC Expo yn it ramt fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 de foarstellings fan it hynstespektakel De Stormruiter holden.