Pels

(Trochferwiisd fan Facht)

In pels (of facht, wat eins in hollanistyske ynterferinsje is) is by sûchdieren al it hier as ien gehiel, soms mei de hûd ynbegrepen. It wurd is ôfkomstich it fulgêr Latynske pellicia, dat wer ôflaat is fan it klassyk Latynske pellis, dat "hûd" of "fel" betsjut. De minske, dy't sels gjin pels hat, makket gebrûk fan 'e pels fan oare bisten. Sa wurde skiep en ek wol geiten holden foar de wol, dy't ienris yn it jier ofskeard wurdt. Fierders wurde guon bisten (saneamde peldieren) bejage of fokt om har pels. Sokke bisten wurde deamakke om 'e pels te bemachtigjen, dy't nammentlik fêstsitten bliuwt oan 'e ta lear preparearre hûd. Sokke pelzen neamd men bûnt.

In bûntkraach of sjaal, makke fan 'e hiele pels fan Sibearyske wezeling.

In pels bestiet yn 'e regel út twa ûnderdielen: in ûnderpels fan lytse fine hierkes mei in isolearjende wurking, en in dekpels mei langere hierren dy't dakpansgewiis oerinoar hinne lizze, en sa in wetterôfstjittende wurking hawwe dy't de ûnderpels drûch hâldt by min waar of as der swommen wurdt.

Pelzen foarmje in isolearjende laach wêrfan't de primêre funksje is om it bist tsjin kjeld (of yn beskate gefallen tsjin warmte) te beskermjen. Se binne faak evoluëarre om har oan 'e jiertiden oan te passen; bisten ferhierje faak by 't maityd en hjerstmis. Sa hawwe se dan simmerdeis in tinnere pels as by 't winter.

Njonken de isolearjende funksje tsjinnet de pels ek faak foar kamûflaazje: de measte bisten hawwe in pels yn 'e kleur fan harren wengebiet, sadat se weiwurde tsjin 'e eftergrûn. Dit is in evolúsjonêre adaptaasje om predaasje tsjin te gean (yn proaidieren) of just om predaasje makliker te meitsjen (yn rôfdieren). Guon bisten, lykas de sniehazze en de harmeling, kleurje sels mei de seizoenswiksel mei en hawwe winterdeis in wite pels ta ferfanging fan 'e brune simmerpels.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.