Fakbeurs

(Trochferwiisd fan Fakbeurzen)

In fakbeurs, soms ek in hannelsbeurs neamd, is in konvinsje dy't organisearre wurdt sadat bedriuwen en ynstellings út in beskate sektor fan 'e ekonomy harren nije produkten útstalle en tsjinsten demonstrearje kinne. Ek kinne se partners út 'e sektor moetsje, de aktiviteiten fan konkurrinten bestudearje en merktrends en bedriuwsekonomyske kânsen gewaarwurde. Omreden fan it útstallingselemint hawwe fakbeurzen gauris it wurd expo yn 'e namme, koart foar exposition of expositie, dat in synonym fan 'útstalling' is.

In fakbeurs.

Oer it algemien binne fakbeurzen net iepen foar it publyk, mar wurde se inkeld besocht troch fertsjintwurdigers fan bedriuwen en ynstellings en troch de media. It komt lykwols ek foar dat it publyk wol talitten wurdt; yn dat gefal sprekt men fan in konsumintebeurs. Fierders bestiet der ek in mingfoarm, wêrby't inkele dagen reservearre binne foar faklju wylst op 'e lêste dagen ek publyk talitten wurdt. Soks wurdt bygelyks dien op 'e Frankfurter Buchmesse, in fakbeurs foar útjouwerijen yn it Dútske Frankfurt am Main, en ek op it AVN Adult Entertainment Expo, in fakbeurs anneks konvinsje foar de pornoyndustry yn it Amerikaanske Las Vegas.

Fakbeurzen wurde it hiele jier troch holden foar frijwol alle sektoaren fan 'e ekonomy. In spesifike fakbeurs wurdt ornaris ien kear yn it jier organisearre, faak om likernôch deselde tiid hinne, hieltyd op itselde plak. Yn 'e Feriene Steaten wurde elts jier bygelyks mear as 10.000 ûnderskate fakbeurzen organisearre. De grutste fakbeurs fan 'e wrâld is de Ynternasjonale Boekebeurs fan Kalkutta, yn Yndia, dy't yn 2012 mear as 2 miljoen besikers loek. Oare grutte fakbeurzen binne bygelyks: de Ynternasjonale Boekebeurs fan Kaïro, de Ynternasjonale Boekebeurs fan Buenos Aires, de Ynternasjonale Boekebeurs fan Teheran, Euroflora (op it mêd fan blommen, yn Genua), de Internationale Automobil-Ausstellung (yn Frankfurt), de Mondial de l'Automobil (yn Parys), NAIAS (op it mêd fan auto's, yn Detroit), de Tokyo Motor Show en de Sydney Royal Easter Show (op it mêd fan 'e lânbou, yn Sydney).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.