Falklânoarloch

(Trochferwiisd fan Falklânkriich)
Falklânoarloch
datum: 2 april 198220 juny 1982
plak: Falklâneilannen en Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen
útkomst: Britske oerwinning
konfliktpartijen
Argentynje Grut-Brittanje
Falklâneilannen
befelhawwers
-Presidint Generaal Leopoldo Galtieri
- Fise admiraal Juan Lombardo
- Brigadegeneraal Ernesto Crespo
- Brigadegeneraal Mario Menéndez
-Premier Margaret Thatcher
- Admiraal Sir John Fieldhouse
- Tsjin-admiraal Sandy Woodward
- Generaal-majoar Jeremy Moore
ferliezen
649 deaden
1.069 ferwûnen
11.313 finzenen
258 deaden
775 ferwûnen
115 finzenen

De Falklânoarloch wie yn 1982 in wapene konflikt tusken it Feriene Keninkryk en Argentynje. Ynset tusken april en juny 1982 wie de Falklâneilannen, troch Argentynje Islas Malvinas neamd, en Súd-Georgje mei de Súdlike Sandwicheilannen. De oanfal fan Argentynje op de Falklâneilannen wie in ferassing foar Grut-Brittanje. De Britten setten in tsjinoanfal yn en de eilannen bleaunen Britsk, wat ek de winsk fan de lokale befolking wie. Mei it ferlies fan Argentynje kaam de tiid fan de junta (militêre diktatuer) ta in ein en it lân krige in demokratysk bestjoer.

De Falklâneilannen waarden yn 1592 ûntdekt troch de Ingelsman John Davis. Hy neamde de arsjipel Falklands, nei de doetiidske skatbewarder fan de marine. De Frânsman Louis-Antoine de Bougainville, ôfkomstich út Saint-Malo, sette dêr foet oan wâl yn 1763 en neamde de eilannekloft de Îles Malouines. Yn 1765 fêstigen de Britten har yn de koloanje. De Falklâneilannen waarden yn 1831 opeaske troch Argentynje, mar yn 1833 ûnderstreken de Britten harren soevereiniteit. De eilannen kamen ûnder Britsk bewâld, mar Argentynje easke se sûnttiids geregeldwei op.

Yn 1981 besleat de Argentynske junta fan Leopoldo Galtieri gebrûk te meitsjen fan nasjonalisyske fielings en de Falklâneilannen te besetten, om sa de oandacht ôf te lieden fan ynterne problemen. De Argentynske legerlieding hie der net mei rekkene dat it Feriene Keninkryk, dat yn dy tiid swiere ekonomyske en sosjale problemen hie, sa fûl op de besetting reagearje soe. Dat blykte in misfetting omdat premier Margaret Thatcher de oanfal krektlyk om deselde redenen brûkte om it lân te werienjen en tagelyk har folgjende ferkiezingsoerwinning feilich te stellen.

Ferrin fan de kriich

bewurkje seksje
 
HMS Sheffield (D80)

kriich sette útein op freed, 2 april 1982 mei in ynvaazje troch it Argentynke leger en de besetting fan de eilannen. Fuort dêrnei ferklearre it Feriene keninkryk de oarloch oan Argentynje. Yn juny lannen Ingelske troepen op de Falklâneilannen. De Argentinen hienen 13.000 soldaten ynset foar de oarloch, de Britten 28.000.[1] De Britten hienen nei 74 dagen striid de eilannen werom ferovere.[2] Yn de oarloch rekken 649 Argentinen en 258 Britten dea.

Troch de oarloch binne twa oarlochsskippen bekend wurden: de Argentynske lichte kruser ARA General Belgrano en de Britske torpedoboatjager HMS Sheffield. De Belgrano wie oarspronklik in Amerikaansk oarlochsskip dat de oanfal op Pearl Harbor trochstien hie. De Conqueror, in nukleêr oandreaune Britske ûnderseeboat, wie ferantwurdlik foar de oanfal mei torpedo's, dy't ek al yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt waarden. By de oanfal op de Belgrano foelen in soad deaden. Gefolch fan it sinken fan de Belgrano wie dat de Argentynske float wer de haven yngie en der net wer útkaam, dêrtroch wienen se gjin gefaar mear foar de Britske float. De Belgrano is it iennige skip dat yn oarlochtstiid troch in nukleêr oandreaune ûnderseeboat te sink brocht is. Der wie, en is noch altiten, kontroverse oer de oanfal op de Belgrano omdat dy by de oanfal bûten de saneamde 'war exclusion zone' wie en har farrjochting fan de eilannen ôf wie. Der wurdt sein dat de oanfal in ferjilding wie foar de folle swierdere ferliezen fan de Britske float as ferwachte wie, benammen troch de ûnderskatting fan de Argentynske loftmacht troch de Britten. Oaren wolle ha dat de Argentinen yn itselde gefal krektlyk reagearre hawwe soenen. De HMS Sheffield waard twa dagen nei it sinken fan de Belgrano midskips troffen troch in Exocetraket, dy't Argentynje fan Frankryk kocht hie. Dy waard fan in Argentynsk fleantúch ôf op grutte ôfstân lansearre. Hoewol't eltsenien foarôf al bang wie foar in oanfal mei raketten, wie it effekt fan in raketoanfal op in oarlochsskip oant dat momint noch net dúdlik. Nei it sinken fan de Sheffield, lutsen de grutste skippen fan de Britske float (de fleandekskippen) har werom oant se bûten it berik wienen fan Argentynske fleantugen. Allinnich de fregatten dêr't de Argentynske posysjes op de eilannen fanôf besketten waarden en troepentransportskippen wienen sa noch doelwyt fan de hast deistige oanfallen troch de Argentynske loftmacht. Sa waard ek it transportskip RFA sir Galahad mei oan board ienheden fan de Welsh Guards troffen mei in soad deaden en ferwûnen as gefolch.

Politike gefolgen

bewurkje seksje

It ferlies fan Argentynje yn dizze oarloch wie de ein foar de junta. Yn it Feriene keninkryk waard de stipe foar it regear fan Margaret Thatcher grutter. De eilannen wurde sûnt de werovering wer bestjoerd troch it Feriene Keninkryk, mar noch altiten kleemd troch Argentynje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Falklânoarloch – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Der Falklandkrieg von 1982
  2. BBC News - The battle over the Falklands