Falske Kaap Hoarn

De Falske Kaap Hoarn of yn 't Spaansk, Falso Cabo de Hornos is in lânpunt op it Sileenske eilân Hoste. De Falske Kaap Hoarn is it súdlikste punt fan de gruttere eilannen fan de Fjoerlân-arsjipel en leit op 56 km benoardwesten Kaap Hoarn. De kaap heart administratyf ta Región de Magallanes y de la Antártica Chilena.

De eilannen by Kaap Hoarn mei ek de Falske Kaap Hoarn

Teminsten 100 skippen giene ferlern yn de omkriten fan Kaap Hoarn tusken 1850 en 1900.[1] Der wiene trije farrûtes troch of om de regio Fjoerlân: de Drake Passaazje (om Kaap Hoarn hinne), de Strjitte fan Magellaan en it Beaglekanaal. Alle trije wiene gefaarlik yn de tiid fan de sylfeart; allinne de Drake Passaazje hie genôch romte om te lavearjen, dat dy hie de foarkar. Falske Kaap Hoarn, út it westen wei benei kaam, dat oan 'e lijkant, hat wol wat fan de wiere Kaap Hoarn. Dêrfandinne de namme.

De Falske Kaap leit yn it Nasjonaalpark Alberto De Agostini.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rounding the Horn fan Dallas Murphy (Basic, 2004), s. 161