Magellaanstrjitte

(Trochferwiisd fan Strjitte fan Magellaan)

De Magellaanstrjitte is in seestrjitte yn it meast súdlike diel fan Súd-Amearika; it wetter leit tusken Patagoanje yn it noarden en Fjoerlân yn it suden. Hy is neamd nei de Portegeeske ûntdekkingsreizger Ferdinand Magellaan, dy't der yn 1520 foar it earst trochhinne fear by syn reis om de wrâld yn tsjinst fan de Spaanske Kroan.

Magellaanstrjitte
geografy
type wetter seestrjitte
lokaasje tusken Patagoanje en Fjoerlân
lân Argentynje
Sily
koördinaten 54° S, 71° W
ûnderdiel fan Atlantyske / Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 570 km
maks. breedte 32 km
djipste punt 1.080 m
In satellytfoto fan 'e Magellaanstrjitte.
In satellytfoto fan 'e Magellaanstrjitte.

De strjitte is in lytse 600 kilometer lang, en hat in protte eilannen. De ouwers binne Sileensk grûngebiet.

Oant it Panamakanaal iepene waard, wie de strjitte in wichtige rûte foar skippen ûnderweis nei de Stille Oseaan. Yn it tiidrek fan de sylskippen koe de trochfeart tige dreech wêze fanwege de sterke streamings en de fûle winen, dêr't min wat fan te sizzen wie, dy't dêr hearskje kinne, boppedat wie it lestich manoevrearjen yn de nauwe passaazje. Yn it earstoan wie de rûte allinne bekend by de Portugezen en Spanjerts, mar letter wisten ek Ingelsen en Nederlanners fan de trochgong. Oant de ûntdekking fan Kaap Hoarn en de Drakestrjitte troch Le Maire en Schouten yn 1616 wie de Magellaanstrjitte tige fan belang om de Stille Oseaan te berikken, mar ek yn de 21e iuw is der noch in protte skipsferkear.

Iere trochfearten nei Magellaan

bewurkje seksje

De krekte stavering fan de namme fan de seestrjitte leit net fêst. Strjitte (fan) Magellaan wurdt it meast brûkt. Dêrneist wurde ek de nammen Magalhãesstrjitte, Magallanesstraat, Strjitte Magallanes, Strjitte (fan) Magalhães en fariaasjes dêrop wol brûkt.