Sir Thomas Cavendish (of Candish) (Trimley St. Martin, 1560 - Súd-Atlantyske Oseaan, 1592) wie in Britske kaper en ûntdekkingsreizger, dy't bekend waard as "de navigator", omdat er de earste wie dy't mei opset sin de wrâld omfarde. Eardere wrâldreizgers sa as Ferdinand Magellaan en Francis Drake dienen dat tafallich.

Thomas Candish, mei de twa hemisfearen fan de ierde

Cavendish waard 1560 berne yn Trimley St. Martin ûnder Ipswich. Mei 15 jier sette er út ein mei in stúdzje oan it Corpus Christi College, fan Cambridge University, dat er lykwols net ôfmakke. Cavendish wie yn 1584 lid fan it Parlemint út namme fan Shaftesbury en Dorset. Yn 1585 sile er mei sir Richard Grenville nei Firginia. Yn 1586 wie er lid fan it Parlemint foar Wilton. Cavendish sylde om de wrâld fan 1586 oant 1588 en waard tige begoedige troch it feroverjen fan Spaansk goud. Hy begûn yn 1591 oan in twadde reis om de wrâld, mar stoar yn 1592 yn de Súd-Atlantyske Oseaan yn de âldens fan 32 jier.

Keppelings om utens

bewurkje seksje