Fandaalsk
It Fandaalsk is in útstoarne taal, dy't diel útmakket fan 'e Eastgermaanske taalkloft. It waard sprutsen troch de Fandalen, in folk dat yn 'e earste iuw nei Kristus mei de oare Eastgermaanske folken weiteach út harren stamlân yn Skandinaavje en nei jierrenlange omswalkings in keninkryk fêstige yn 'e Romeinske provinsje Afrika, dy't it noarden fan it hjoeddeiske Tuneezje, Algerije en Marokko omfette.
Fandaalsk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | n.f.t. | |
eigen namme | ? | |
lânseigen yn | n.f.t. (útstoarn) | |
tal sprekkers | gjin | |
skrift | n.f.t. | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Eastgermaansk - Fandaalsk | |
dialekten | Asdingsk, Silingsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | n.f.t. | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | - | |
ISO 639-2 | gem | |
ISO 639-3 | xvn |
It Fandaalsk wie nau besibbe oan 'e oare Eastgermaanske talen, lykas it Goatysk en it Boergondysk. Nei gedachten wienen der twa dialekten, it Asdingsk en it Silingsk, korrespondearjend mei de twa stammen fan 'e Fandalen, de Asdingen (of Hasdingen) en de Silingen. Dy beide stammen holden net altyd yn it selde gebiet ta en waarden ek net altyd regearre troch deselde kening, dat it liket wierskynlik dat der dialektyske ferskillen tusken harren foarkamen. Fierders is der mar in hiel lyts bytsje oer it Fandaalsk bekend, mei't it allinne mar oerlevere is yn in stikmannich nammen en twa frazen.
Ien fan dy frazen is Frója armés!, dat "Hear, wês genedich!" betsjut. De oare binne de twa parten eils en scapiamatziaiadrincan, dy't foarkomme yn it Latynske twarigelich fers de conviviis barbaris, út likernôch 390. Yn losse wurden soenen de parten útskreaun wurde moatte as: Eils! en Scapiam matzia ia drincan, dy "Heil!" en "Lit ús iten en drinken helje" betsjutte. Ferlykje dat mei korrespondearjend Goatysk Hails!" en "Skapjam matjan jah drigkan.
Spoaren fan it Fandaalsk oerlibje nei gedachten oant hjoed de dei ta noch yn it Andalusysk, it Spaanske dialekt fan Andalúsje, dêr't de Fandalen in skoft libbe hawwe, en dat nei harren oarspronklik Vandalusia hiet.