Fanum (meartal: fana) is in Latynsk wurd dat "hillich gebiet" betsjut. Mei in fanum wurdt in spesifyk type timpel ornearre, dy't benammen yn earder Keltyske gebieten fûn wurde.

Martberg-timpel yn Pommern (Dútslân)

De timpels waarden yn 'e Gallyske, Germaanske en Britske provinsjes fan it Romeinske Ryk boud, yn dy gebieten dy't earder troch Kelten bewenne waarden. Mooglik makke de kultuspraktyk yn dy krite it spesjale ûntwerp fan in fanum needsaaklik.

De measte fana fan dit type wurde yn 'e twadde helte fan de 1e iuw en de 2e iuw datearre. Aldere hillichdommen fan it type binne folle seldsumer. De Tour de Grisset yn Fréteval (departemint Loir-et-Cher) koe dêrfoaroer wol út it lêst fan de 2e iuw of de earste helte fan de 3e iuw boud wêze. Sûnt healwei de 3e iuw naam de bou fan sokke timpels stadichoa ôf.

Foarm bewurkje seksje

 
Rekonstruearre timpel yn Colonia Ulpia Traiana by Xanten

In fanum bestie yn 'e regel út ien romte (cella) mei in tagong. Om dy romte hinne rûn in omgong. Om't de timpels net yn de oarspronklike steat bewarre binne, is it meitsjen fan rekonstruksjes fan Gallo-Romeinske omgongtimpels in nuodlike saak. Yn in soad gefallen bestie de omgong út in rige pylders, mar mooglik hiene guon timpels in sletten omgong.

Lykas yn oare kulturele gebieten wie der in mingfoarm fan lânseigen en mediterrane eleminten yn 'e timpelarsjitektuer. De omgong en de cella waarden mei dakpannen neffens mediterane foarbylden oerdutsen. De rigen pylders dy't de cella omfiemen gyngen ek op mediterane ynfloeden tebek.

De cella wie nei alle gedachten heger as de omgong. Yn 'e regel wiene de timpels net grut mei in lingte fan 15 oant 20 meter. Meastentiids wiene se fan stien, ek al binne der guon fan hout fûn. Neffens argeologyske fynsten yn 'e Abdij fan Saint-Georges de Boscherville wie de stiennen timpel dêr de opfolger fan in Gallyske houten timpel fan itselde type. Tocht wurdt dat de Keltyske fjouwerhoekige wâlen de oarsprong foarmje, net yn it minst om't op guon plakken, bygelyks yn Gournay-sur-Aronde, Gallo-Romeinske timpels opfolgers wiene fan de fjouwerhoekige wâlen.

Kultus bewurkje seksje

Yn de timpels waarden meastentiids Keltyske goaden fereare, werfan't lykwols mar in pear by namme bekend binne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Gallo-römischer Umgangstempel