Fauresmith is in plak yn Súd-Afrika. It leit 130km besúdwesten fan Bloemfontein yn de gemeente Kopanong. It doarp waard ferneamd nei dûmny Phillip Faure en de Britske gûverneur fan de Kaapkoloanje sir Harry Smith. It is it op ien nei âldste doarp yn de Vrystaat.

Fauresmith
Haadstrjitte
Haadstrjitte
Bestjoer
Lân Súd-Afrika
Provinsje Frijsteat
Distrikt Xhariep
Sifers
Ynwennertal 3.628 (2011)
Oerflak 53,2 km²
Befolkingsticht. 68 / km²
Oar
Stifting 1842
Postkoade 9978
Tiidsône UTC+2
Offisjele webside
www.fauresmith

Doe't e blanken har yn de regio festige hienen wie der ferlet fan in tsjerke. Sy woene der in pleats foar brûke. Nei in protte ûnderhannelings mei de Britske oerheid, dy't oars neat opsmiten, waard der in tydlike tsjerke by de pleats "Sannahspoort" - dêr't no Fauresmith leit. Letter kocht de tsjerkeried Sannahspoort foar 14.000 riksdollars (£1050). Der waard fuorten daliks út ein set mei de ferkeap fan stikken grûn om in permaninte tsjerke sette te kinnen, op betingst dat der op dy ferkochte perselen gjin alkoholyske drank ferkocht wurde mocht! De ferkeap fan grûn wie de grutste boarne fan ynkomsten fan de tsjerke yn dy tiid. De selsstannige tsjerkegemeenten fan no yn de omkriten hearden eartiid allegear by de gemeent fan Faursmith, Philippolis, Trompsburg, Edenburg, Petrusburg, Koffiefontein, Luckhoff en in grut part fan Jacobsdal.

Op 30 augustus 1851 wie der in wichtige gearkomst Sannahspoort. De titel fan de notulen wie "Fauresmith."

Nei Bloemfontein, wie Fauresmith de wichtichste stêd yn Oranje Frijsteat. De earste parlemintêre gearkomst moast út dy twa stêden in haadstêd fan de steat kieze. Bloemfontein krige de measte stimmen.