Feld des Jammers
Mei it Feld des Jammers (Frysk: Fjild fan Lijen) wurdt in earder kriichsfinzenenkamp tusken de plakken Winzenheim en Bretzenheim yn 'e omkriten fan Bad Kreuznach yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts ornearre. It kamp hearde ta de groep fan Rheinwiesenlager, dêr't yn 'e lêste dagen fan 'e Twadde Wrâldkriich en nei de Dútske kapitulaasje hûnderttûzenen finzenen ûnder ûnminsklike omstannichheden ûnderbrocht waarden.
De leden fan 'e Waffen-SS waarden yn in apart diel fêst set.
Skiednis
bewurkje seksjeOp 2 april 1945 setten Amerikaanske striidkrêften útien mei de oanlis fan it kamp tusken Bretzenheim en Winzenheim. Om in 210 hektare grut gebiet waard in trije meter heech stek mei stikeltried set, dat ferdield waard yn 24 saneamde cages, koaien. Ynearsten wiene der hielendal gjin foarsjennings.
De earste finzenen kamen op 27 april 1945 oan. Op 'e dei fan 'e Dútske kapitulaasje op 5 maaie 1945 sieten dêr al 62.000 minsken op inoar pakt, wylst de kapasiteit op 45.000 finzenen berekkene wie. Oant 8 maaie 1945 waard de kapasiteit oant op 100.000 ferhege, wylst der yntusken al 92.000 finzenen wiene, wêrûnder 1.000 froulju. Mar al gau gie it oantal ek oer dy grins hinne en op 8 maaie 1945 wiene der al 103.000 finzenen.
Sûnt 15 maaie 1945 krige it kamp wat fasiliteiten lykas fjildkeukens en foar de froulju kamen der tinten. De finzenen libben op 'e bleate grûn, hiene fierder gjin beskerming tsjin it waar en koene gjin gebrûk meitsje fan sanitêre foarsjennings. De finzenen hiene fan honger te lijen en der wie gjin medyske fersoarging en in soad finzenen ferstoaren yn it kamp.
Ferbetteringen
bewurkje seksjeOp 10 july namen de Frânsen de lieding fan it kamp oer. Op dat stuit wiene der noch 17.200 finzenen. De Frânsen joegen tastimming om op tûzen finzenen trije fjildkeukens yn te rjochtsjen. Ek kamen der tinten, sadat de finzenen sûnt 26 septimber net mear bûten hoegden te bliuwen. It kamp waard yn oktober 1945 as Depot de Transit Nr. 1 (trochgongskamp) omskreaun.
Tsjin 'e ein fan 1945 ferbetteren de omstannichheden yn it kamp. De tinten waarden ferfongen troch barakken en der waard in tsjerke boud. It kampoerflak waard lytser en de finzenen rjochten foar wat ferdivedaasje Die Optimisten op, in muzyk-, fariëtee- en teätergroep. Yn 'e maaitiid fan 1946 krigen de finzenen tastimming om tusken de barakken jirpels en grienten te ferbouwen, sadat it iten ek ferbettere. Ek waarden aktiviteiten lykas it folgjen fan kursussen ûntwikkele. Yn 'e hjerst fan 1946 wie der sels in útstalling yn it kamp foar it ferkeapjen fan hânwurk oan 'e befolking. Yn 'e winter fan 1946 nei 1947 waard der tusken it stasjon Bretzenheim en it kamp in spoar oanlein foar it transport en it ferfier fan slim sike minsken, dy't min op 'e gong wiene.
It sluten
bewurkje seksjeDe poarte fan it kamp gie op 31 desimber 1948 foargoed ticht. Yn 'e jierren dat it bestie sieten hûnderttûzenen finzenen dêr in skoft fêst. Dêrnei waarden de finzenen loslitten of nei Frankryk foar twangarbeid brocht. In soad finzenen oerlibben it kamp lykwols net, al binne de krekte oantallen net mear te efterheljen. Neffens rûzings fan 'e protestantske dûmny fan Bretzeneheim, Max Dellmann, binne der ûnder de Amerikaanske kamplieding likernôch 4.500 minsken ferstoarn.[1]
Op 1 april 1950 waard de grûn oan 'e rjochtmjittige eigners werom jûn.
Monumint
bewurkje seksjeSûnt oktober 1966 betinkt in monumint it lijen fan 'e minsken yn it kamp. De oprjochting dêrfan wie in inisjatyf dûmny Max Dellman, dy't al sûnt maart 1964 jild foar dat doel ynsammele. It hjoeddeiske monumint ferfong by de ynhuldiging doe in ienfâldich houten krús.
Yn novimber 2015 waard it monumint troch ûnbekenden skeind mei ferve.
Dokumintaasjesintrum
bewurkje seksjeYn it âlde riedshûs fan Bretzenheim oan 'e Große Straße 12 hat de gemeente in dokumintaasjesintrum mei in grutte kolleksje deiboeken, tekenings, foto's, fynsten en films oer it kamp. De tagong is frij.
Externe links
bewurkje seksje- (dú) It kamp op 'e hiemside fan Bretzenheim
- (dú) It kamp op 'e hiemside fan 'e dielsteat Rynlân-Palts (argyf)
- (dú) Ynformaasje oer de Rheinwiesenlager
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch foar boarnen ûnder: de:Feld des Jammers
|