Luitenant-fjildmaarskalk

(Trochferwiisd fan Feldmarschalleutnant)

In luitenant-fjildmaarskalk (Dútsk: Feldmarschalleutnant) wie in opperofsier fan hege rang yn 'e kriichsmacht fan it eardere Eastenryk-Hongarije. Dizze rang wie rûchwei ekwivalint mei de rangen fan generaal-majoar of brigadegeneraal.

Rangûnderskiedingstekens fan in luitenant-fjildmaarskalk út it Keizerlike en Keninklike Leger.

Doe't yn 1920 de Bûnsrepublyk Eastenryk it systeem fan militêre rangen oernaam dat yn Dútslân yn gebrûk wie, waard de wat tipelsinnige rang fan luitenant-fjildmaarskalk ôfskaft. Yn 1933, lykwols, waard yn Eastenryk it âlde rangestelsel fan 'e Dûbelmonargy wer ynfierd, mei as gefolch dat de luitenant-fjildmaarskalk wer weromkearde. Nei de Anschluss fan Eastenryk by nazy-Dútslân, yn 1938, ferdwûn dizze rang op 'e nij, en no foargoed út it Eastenrykske leger. Yn Hongarije bleau de rang fan luitenant-fjildmaarskalk (Hongaarsk: altábornagy) noch oant 1945 yn gebrûk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.