Ferbaarnde Sleat
De Ferbaarnde Sleat is in sleat yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De sleat rint fan de Grienkappolder troch Jutryp nei it easten en komt út yn de Easterwimerts tsjinoer de Modderige Ryd. De sleat rint yn polder It Swarte Hynder.
De namme Ferbaarnde Sleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Verbrande Sloot.