Ferkundigingskatedraal (Kazan)

De Ferkundigingskatedraal (Russysk: Благовещенский собор; Blagovetsjenski sobor) is in russyske-otterdokse yn it kremlyn fan Kazan, Ruslân. Yn 'e arsjitektatuer fan 'e katedraal wurde eleminten út de bouskoallen fan Pskov, Moskou, Vladimir en de Oekraïne ferienige. It is de âldste tsjerke fan Kazan.

Ferkundigingskatedraal

Благовещенский собор

Lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
Arsjitektuer
boujier 1555-1562
útwreiding 1841-1843
restauraasje 1996-2005
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 161811313150036
Kaart
Ferkundigingskatedraal (Kazan)
Ferkundigingskatedraal

Skiednis bewurkje seksje

Mei de bou fan in earste Ferkundigingstsjerke waard yn opdracht fan Ivan IV op 4 oktober 1552 útein set. Dat gyng om in houten gebou dat wijd waard oan 'e ferkundiging fan de Heare. Al yn 'e jierren 1555-1562 waard in tsjerke fan wite stien mei fiif koepels en trije apsissen boud. Yn 'e 17e iuw waard in fiif ferdjippings tellende toer tafoege. De oarspronklik helmfoarmige koepels op 'e hoeken waarden yn 'e 18e iuw ferfongen troch sipelfoarmige koepels.

Nei de grutte brân yn 1815 waard de katedraal yn 'e jierren 1817-1821 fernijd. Letter, yn 1841, waarden neffens in ûntwerp fan F.I. Petond twa apsissen en in foarse refter oanboud. It duorre oant yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw dat it ynterieur beskildere waard troch N.L. Safonov.

Oant 1918 wie de katedraal de haadkatedraal fan it bisdom Kazan. It belangrykse relikwy fan 'e katedraal wie iuwenlang de skryn fan biskop Goeri, de earste biskop fan Kazan. Yn 1841 ûntdieken se by wurksumheden de sel fan 'e biskop, dêr't er altiten yn iensumens hinne gyng te bidden. Foar lange tiid wie de sel foar pylgers in belangryk doel.

Sovjet-Uny bewurkje seksje

 
De yn 'e jierren 1920 ôfbrutsen klokketoer.

Yn septimber 1918 rekke de katedraal by gefjochten om it kremlyn skeind. Gjin koepel waard by de besjittings sparre en foar in hiele tiid moast de tsjerke it sûnder dwaan, oant koart foar de perestrojka by de restauraasje fan 1973-1984 de koepels rekonstruearre waarden. Fuort nei de ynname fan it kremlyn troch de bolsjewiken waard it kremlyn sletten foar publyk en as militêr terrein ornearre. Alle sân kremlyntsjerken waarden sletten en de biskop ferhûze nei it Jehannes de Doperkleaster fan Kazan. It waard allinne tastien de skryn fan Sint-Goeri en in pear ikoanen út de âlde katedraal mei te nimmen. As ferfanger fan 'e âlde katedraal tsjinne de Kazankatedraal fan it Bogoroditski-kleaster. De meast weardefolle saken lykas ikoanen, manuskripten en liturgysk reau waarden yn beslach nommen en fan in soad guod is ûnbekend wêr't se úteinliks bedarre binne. Fan 'e âlde ikonostaze binne mar trije ikoanen bewarre bleaun (Keunstmuseum fan Kazan). Yn 1920 mochten de revationisten de katedraal brûke, mar yn 1925 folge in nije sluting. Yn 'e jierren 1920 folge de ôfbraak fan 'e klokketoer. Fanwegen it tekoart oan boumaterjaal wie al tastimming jûn om in begjin te meitsjen mei de ôfbraak fan 'e katedraal, lykas in soad oare tsjerken yn en om Kazan. De treppen en de galerij waarden sloopt, mar de katedraal bleau bewarre en yn 'e jierren 1930 waarden de argiven yn 'e eardere katedraal ûnderbrocht. Dêrfoar waarden houten ferdjippings yn it gebou oanbrocht. De benedentsjerke, dêr't de biskoppen fan Kazan begroeven leine, wie in opslach fan griente.

 
It âldste diel fan 'e katedraal.

Yn 'e jierren 1977-1984 folge in restauraasje fan 'e bûtenkant fan it bouwurk, wêrby't de tsjerke werom brocht waard nei de foarm fan 1841. De katedraal krige wer koepels en de sintrale koepel waard fergulde. It sintrale diel mei de trije apsissen en seis pylders (fjouwer yn de tsjerke en twa yn de alterromte) dy't 12 bôgen ferbine, binne noch 16e-iuwsk. Ek binne der noch fragminten fan 16e-iuwske fresko's bewarre bleaun.

Restauraasje en weromjefte bewurkje seksje

In lêste grutte restauraasje waard yn 'e jierren 1995-2005 útfierd. Sûnt 2000 waard de tsjerke fan binnen beskildere ûnder tafersjoch fan it Ministearje fan Kultuer fan de Russyske Federaasje. In team fan ikoaneskilders út Moskou rekonstruearre de ikoanen fan 'e ikonostaze fan 'e katedraal. De restauraasje waard tagelyk foltôge mei de fiering fan it 450-jierrich jubileum fan it bisdom Kazan.

Op 19 july 2005 waard de katedraal op 'e nij ynwijd troch de aartsbiskop Anastasi fan Kazan. De earste godlike liturgy waard troch patriarch Aleksi II op 21 july 2005 opdroegen.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Благовещенский собор Казанского кремля