Ferkundigingstsjerke op it Vasiljevski-eilân (Sint-Petersburch)
De Ferkundigingstsjerke (Russysk: Благовещенская церковь, tr. Blagovesjtsjenskaja tsjerkov) is in monumintale otterdokse tsjerke op it Vasiljevski-eilân yn Sint-Petersburch, Ruslân.
Ferkundigingstsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
federale stêd | Sint-Petersburch | |
plak | Sint-Petersburch | |
koördinaten | 59° 56' N 30° 16' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1750-1762 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 7810170000 | |
Webside | ||
Side fan de tsjerke | ||
Kaart | ||
De tsjerke falt ûnder it bisdom Sint-Petersburch fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Skiednis
bewurkje seksjeYn it noardlik diel fan it Vasiljevski-eilân waard yn 1738 in earste houten tsjerke boud. It soe in tydlik gebou wurde oant der genôch jild wie om in stiennen tsjerke te bouwen. Yn it midden fan 'e 18e iuw namen Irodion Tsjirkin en syn soan Ivan it beslút dy nije stiennen tsjerke te bouwen. De earste stien waard op 24 maaie 1750 lein, njonken de houten tsjerke. Op 15 septimber 1762 koe de foltôge tsjerke ynwijd wurde en yn 'e jierren 1780 folge de bou fan 'e klokketoer.
Yn 'e jierren 1844-1854 waard de tsjerke, mei al it besit dat der by hearde, oerdroegen oan it Voskresenski Novodevitsji-kleaster. It bisdom besocht de parochianen te ferdielen oer oanbuorjende parochy's en der waard oer neitocht om in nije tsjerke foar de parochy te bouwen, mar yn 1854 ferhûze it kleaster nei in oar plak en de parochy krige doe de tsjerke werom.
Yn 'e Sovjet-tiid waard de tsjerke oerdroegen oan it Kommissariaat fan de Loftfeartyndustry, dy't it gebou brûkte foar produksje en opslach. It gebou waard ferdield yn ferskillende romtes. De 19e-iuwske muorreskilderings waarden oerstrutsen en it oarspronklike ynterieur fierder fernield mei de ynbou fan treppen en liften. De âlde ikonostaze ferhûze yn 1946 nei de Trije-ienheidstsjerke oan de Prospekt Obûchovskoi Оboroni, dy't yn dat jier wer foar de earetsjinst iepene wurde mocht.
Nei weromjefte fan 'e tsjerke is it gebou sûnt 1997 restaurearre. De plafonds, masjines en de oanbrochte feroarings waarden stadichoan ferwidere. Spesjalisten slaggen der yn de gewelven skjin te meitsjen en de oarspronklike beskilderings út it begjin fan d' 19e iuw wer foar it ljocht te heljen.
Tsjerkhôf
bewurkje seksjeYn 'e 18e en 19e iuw lei by de tsjerke in begraafplak, dêr't û.o.de Russyske wittenskipper-útfiner Andrei Nartov (1683—1756, de grafikus-kartograaf Michail Machajev (1718-1770), de skilder Anton Losenko (1737-1773) en de ûntdekkingsreizger Stepan Krasjeninnikov (1711-1755) begroeven waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Благовещенская церковь (Санкт-Петербург, Васильевский остров)
|