Ferlingde Skrâns

strjitte yn Ljouwert

De Ferlingde Skrâns is in strjitte yn Ljouwert; in ferlinging fan de Skrâns.

It begjin fan de ferlingde Skrâns (2010)

Oan de huzen dy't der steane is te sjen dat de Ferlingde Skrâns eartiids in deftige strjitte wie. Rike boeren dy't rintenierje woenen hawwe hjir harren huzen sette litten, krektas de notabelen út 'e stêd. Tsjintwurdich is it foaral in rêstige strjitte, sûnt de trochgong de stêd út, rjochting Goutum foar fluchferkear yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw ôfsluten waard.