Ferlosser op it Sân-tsjerke

De Tsjerke fan 'e Ferlosser op it Sân is oarspronklik de katedrale tsjerke fan it Spaso-Pesotski kleaster (Спасо-Песоцкий монастырь) yn Rostov, Ruslân. Katarina de Grutte skafte it kleaster ôf, mar de 17e-iuwske katedraal bleau bewarre en wurdt beheard troch de muontsen fan it eastlike oangrinzgjende Ferlosser-Jakobkleaster. It is net mooglik om de tsjerke te besjen.

Ferlosser op it Sân-tsjerke

Церковь Спаса на Песках

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Rostov
koördinaten 56° 10' N 39° 23' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Jaroslavl-Rostov
Arsjitektuer
boujier 17e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761410510120006
Webside
Side fan it Ferlosser-Jakobkleaster
Kaart
Ferlosser op it Sân-tsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Ferlosser op it Sân-tsjerke

Oarsprong bewurkje seksje

It Spaso-Pesotski kleaster waard yn 'e twadde helte fan 'e 13e iuw stifte troch prinses Marija, dochter fan prins Michael fan Tsjernigov en de frou fan prins Vasilko fan Rostov. Prinses Marija waard yn 1271 sels begroeven ûnder de Ferlossertsjerke fan it kleaster. Ek har soan Gleb Vasilkovitsj waard tegearre mei syn frou, in pakesizzer fan Batû Khan, letter op 'e nij begroeven yn it kleaster.

Oant 'e ein fan 'e 16e iuw wiene de gebouwen en de palissade fan it kleaster fan hout. It earste stiennen gebou waard tsjin 'e ein fan 'e 16e iuw boud (of yn it begjin fan 'e 17e iuw) en dat wie Transfiguraasjekateraal. Neffens in 19e-iuwske ynskripsje lofts fan it haadportaal waard de katedraal op 1 july 1603 ynwijd. Yn 'e 17e iuw waard by de katedraal in oan Sint-Joaris wijde wintertsjerke boud mei in nij portaal en dêrop in tintefoarmige klokketoer, dy't de nije tsjerke ferbûn mei de Ferlossertsjerke.

Under biskop Iona Sisojevitsj (1607-1690) waard de Transfiguraasjekatedraal folslein ferboud. De fiifkoepelige tsjerke hat oan 'e noardlike kant in galerij mei dekoraasjes fan keramyk. Oan 'e westlike kant is in narteks.

Opheffing kleaster bewurkje seksje

Yn 1764 waard it Spaso-Pesotski kleaster mei it dekreet fan Katarina de Grutte opheft. In jier letter waard it opheft kleaster tawiisd oan it oanbuorjende Ferlosser-Jakobkleaster.

Yn 'e jierren 1860 waard de Sint-Joristsjerke, de klokketoer en it portaal dat de twa tsjerken mei-inoar ferbûn, ôfbrutsen. Mar de Ferlossertsjerke bleau bewarre en brûkt as grêftsjerke fan 'e muontsen. Yn it tiidrek fan 'e Sovjet-Uny rekke de tsjerke yn ferfal. Nei't it Ferlosser-Jakobkleaster yn 'e jierren 1990 weromjûn waard oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke waard de tsjerke renovearre en wytkalke.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Песоцкий монастырь