Ferlosser-Jakobkleaster (Rostov)

It Ferlosser-Jakobkleaster (Russysk: Спасо-Яковлевский монастырь; Spaso-Jakovlevski Monastyr) is in otterdoks kleaster oan 'e Neromar yn Rostov, Ruslân. It giet werom op in stifting fan biskop Jakob yn 'e 14e iuw. It kleaster stiet oan 'e râne fan 'e stêd oan 'e lofter kant fan it kremlyn fan Rostov.

Ferlosser-Jakobkleaster
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Rostov
Kleastergegevens
oprjochting 1389
oprjochter Jakob fan Rostov
opheffing 1923
weriepening 1991
Ynformaasje bou
boujier hjoeddeiske gebouwen 17e-19e iuw
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Ferlosser-Jakobkleaster (Jeropeesk Ruslân)
Ferlosser-Jakobkleaster

Stifting bewurkje seksje

 
Jakob fan Rostov.

It kleaster waard syn 1389 troch de biskop Jakob fan Rostov stifte, dy't ferballe wie út syn stêd om't er it libben fan in ta de dea feroardiele frou sparre hie. Jakob ferhûze nei in plak súd fan Rostov en sette him by de (yn 'e jierren 1930 ferneatige) Tsjerke fan de Aartsingel Michael nei wenjen, dy't yn 'e 11e iuw troch de hillige Leontius fan Rostov boud wie. Op dat plak wie in boarne (dêr't no in kapel út 1996 stiet) en hy boude mei eigen hannen in lytse houten tsjerke ta eare fan 'e Untfinzenis fan 'e Jongfaam Marije. Al gau setten har mear ferballe geastliken op it plak nei wenjen, dy't meiïnoar in monastike mienskip foarmen. Nei de dea fan biskop Jakob yn 1392 begûn de lokale ferearing fan 'e biskop as in hillige. De biskop waard yn 1549 hillich ferklearre en syn reliken lizze yn 'e Katedraal fan 'e Untfinzenis fan Sint-Anne.

Skiednis kleaster bewurkje seksje

It kleaster waard Zatsatjevski (Зачатьевским) neamd (nei de oan 'e Untfinzenis fan de Hillige Anne wijde katedraal) of Jakovlevski (nei de stifter fan it kleaster). Fan 'e 14e oant it lêste diel fan 'e 17e iuw bleaune alle gebouwen fan it kleaster fan hout. It âldste noch besteande gebou is de Sint-Annakatedraal út 1686, dy't boud waard op it plak fan in houten foargonger en ynearsten wijd wie oan 'e Trije-ienheid. De fiifkoepelige katedraal hie trije apsissen en in tintefoarmige klokketoer mei seis klokken. Keunstners út Jaroslavl beskilderen de katedraal yn 1689. Boppe de skryn fan Sint-Jakob waard in stiennen skryn yn 'e foarm fan in baldekyn boud.

 
De skryn fan Demetrius fan Rostov
ôfbyld: Sergej Prokûdin-Gorski (1910).

Yn 'e jierren 1702-1709 bestjoerde de metropolyt Demetrius (1651-1709) it kleaster. Op fersyk fan Peter de Grutte kaam Demetrius op 1 maart 1702 nei Rostov. Neffens de oerlevering soed er noch op de alderearste dei it plak oanwiisd ha dêr't er letter begroeven wurde woe: yn 'e súdwestlike hoeke fan 'e Trije-ienheidskatedraal (no dus de Untfinzeniskatedraal). Yn 1725 waard oan 'e Trije-ienheidkatedraal in noardlike kapel oanboud, dy't oan Joachim en Anne wijd waard en yn 'e 19e iuw op 'e nij boud waard as in aparte tsjerke.

 
Demetrius fan Rostov.

De Trije-ienheidskatedraal feroare yn 1754 fan namme en fanôf dy tiid (oant hjoeddedei) is de katedraal wijd oan 'e Untfinzenis fan 'e Rjochtfeardige Anne. Op 21 septimber 1752 waarden de oerbliuwsels fan Demetrius yn it ramt fan 'e renovaasje fan 'e flier opgroeven. Sawol de klean as it lichem sels wiene net oantaast en waarden ûndersocht troch âldsten fan 'e tsjerke. Op 22 april 1757 fûn de hillichferklearring fan Demetrius plak en dat fersoarsake in grutte stream nije pylgers. Pylgers mochten yn in boek harren ferhalen oer mirakuleuze genêzings by de tombe fan 'e hillige fêstlizze en it manuskript, dat in tiidrek beslacht fan 1753 oant 1764, beskriuwt 288 gefallen fan genêzing. It manuskript wurdt tsjintwurdich bewarre yn 'e argiven fan it Rostov Museum. Keizerinne Elizabeth Petrovna joech yn 1758 opdracht om foar de reliken fan Demetrius in sulveren skryn te meitsjen.

Yn 'e jierren 1794-1802 koe op kosten fan 'e greve Nikolai Sjeremetev (1751-1809) de Demetriuskatedraal boud wurde. It is in neoklassisistysk ûntwerp fan 'e Moskouse arsjitekt Nazarov en de liifeigenen Dûsjkin en Mironov. Sjeremetev woe foar de reliken fan Demetrius in weardige tsjerke, mar it bisdom respektearre de kar fan Demetrius sels foar de lokaasje fan syn grêf en joech gjin tastimming om de reliken oer te bringen. Nikolai Sjeremeetv wie de grutste filantroop yn 'e skiednis fan it kleaster en hy liet net allinne de katedraal bouwe, mar joech ek goud en sulver foar it liturgyske reau en klerikale klean. Ta neitins fan 'e filantroop wurdt de katedraal ek faak Sjeremetev neamd.

 
Fan lofts nei rjochts: Demetriuskatedraal, Jakobtsjerke en Untfinzeniskatedraal.

De Sint-Jakobtsjerke waard yn 1836 op it plak fan 'e noardlike sydkapel fan 'e Untfinzeniskatedraal boud. De Jakobtsjerke grinzget sadwaande oan 'e katedraal.

Sovjet-tiid en weriepening bewurkje seksje

It kleaster moast yn 1923 de poarten slute en de gebouwen waarden brûkt om yn te wenjen en te wurkjen. De muontsen waarden ferballe en it kleasterbesit, lykas boeken en manuskripten, kamen foar in diel yn it Rostov Museum telâne en waarden foar in diel plondere. Yn 1928 ferhûze in diel fan 'e manuskripten fan it eardere kleaster nei Moskou. Yn 'e jierren 1980 waard de barokke 18e-iuwske ikonostaze fan 'e Untfinzeniskatedraal ûntmantele. Fan 'e ikonostaze bleau allinne it raamwurk bewarre.

Op 15 april 1991 waard it kleaster werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. In beslút fan de Hillige Synoade op 7 maaie 1991 late ta de weriepening fan it kleaster. Oer de boarne fan Sint-Jakob waard yn 1996 in nije, achthoekige kapel boud.

 
Nije kapel oer de boarne fan it kleaster

Tsjerken bewurkje seksje

Alle trije tsjerken op it kleastergebiet steane yn in rige oan 'e eastlike muorre.

  • De Katedraal fan 'e Untfinzenis fan 'e Hillige Anne (1686) wie oarspronklik oan 'e Trije-ienheid wijd en waard boud yn 1686. De fresko's yn 'e tsjerke binne bewarre bleaun.
  • Demetriustsjerke (1795-1801).
  • Tsjerke fan Sint-Jakob, biskop fan Rostov (1836).

Tichteby it kleaster stiet de Ferlosser op it Sân-tsjerke; de eardere katedraal fan it troch Katarina de Grutte ophefte Spaso-Pesotski kleaster. Alhoewol't de tsjerke bûten de kleastermuorren stiet, heart it fiifkoepelige gebou by it Ferlosser-Jakobkleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Яковлевский монастырь