Kremlyn fan Rostov
It Kremlyn fan Rostov is in kompleks fan gebouwen út de 17e iuw yn it sintrum fan de russsyke stêd Rostov. Oars as oare kremlyns waard it kremlyn net oanlein as in fêsting yn de oarspronklike betsjutting, mar as de residinsje fan de metropolyt fan it otterdokse bisdom Rostov. Al by de bou hie it gjin militêre betsjutting, mar it waard wol as in kremlyn mei muorren en tuorren oanlein. Sûnt 1998 is it Rostover kremlyn kandidaat foar ynskriuwing yn de list fan wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis
bewurkje seksjeIt kremlyn fan Rostov waard yn opdracht fan de metropolyt Iona Sisojevitsj tusken 1670 en 1683 boud. Al by de bou wie Rostov net langer fan defensive betsjutting. It kremlyn wykt dêrom fan oare kremlyns ôf troch arsjitektonyske ferienfâldigings dy't by gefaar feroare wurde moasten. Sa hat it kremlyn brede tagongspoarten, ûntbrekke sjitgatten yn de tuorren en binne der yn de hegere dielen fan de tuorren ramen ynbrocht. Dochs waard it kremlyn boud neffens de tradysjes fan de âlde russyske ferdigeningsbouwurken út it ferline.
Oant 1787 bleau it kompleks de sit fan de metropoliten fan it bisdom Rostov. Dy ferhûze yn dat jier nei Jaroslavl en ferlear doe de funskje as residinsje fan de biskoppen. It krige gjin ûnderhâld mear en rekke stadich oan yn it neigean, tsjinsten yn de tsjerken waarden net mear fierd en it bisdom wie fan doel om it kompleks ferkeapje foar de ôfbraak.
Tusken 1860 en 1880 waard it kremlyn lykwols mei stipe fan lokale keaplju restaurearre en fanôf 1883 waard der yn it Wite Hûs in museum foar tsjerkekeunst ynrjochte. Nei de Oktoberrevolúsje oant 1934 wie it in Museum fan de Skiednis fan Rostov, dêrnei it Streekmuseum en oant 1995 it Museum fan Natoerbeskerming. Ek hjoeddedei is it kremlyn in museum, al is de katedraal mei de klokketoer en it plein yn de jierren 1990 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Gebouwen
bewurkje seksje- Untsliepeniskatedraal (1508–1512)
- De klokkestoel fan de katedraal mei fyftjin lûdklokken (1682–1687)
- Hillige Poarte mei de Opstanningstsjerke (1670)
- Hodegetriatsjerke (1692–1693)
- Tsjerke fan Gregoarius de Teolooch (jierren 1680)
- Poartetsjerke fan Jehannes de Evangelist (1683)
- Ferlossertsjerke (1675)
- Tuorren en muorren fan it kremlyn (1670-1680)
- Reade Paleis (1670-1680)
- Wite Paleis (± 1675)
- Juedicial Prikaz (earder bestjoersgebou, tsjintwurdich museum foar russyske emaillekeunst; 1650-1660)
-
Poarte
-
Poartetsjerke fan de Opstanning fan Kristus
-
Fresko Opstanningstsjerke
-
Untsliepeniskatedraal
-
Reade Paleis
-
Wite Paleis
-
Gregoariustsjerke
-
Hodegetriatsjerke
-
Judicial Prikaz
-
Keuken