Ferneatigingskamp
(Trochferwiisd fan Ferneatigingskampen)
In ferneatigingskamp (Dútsk: Vernichtungslager) wie in konsintraasjekamp dat spesjaal ornearre wie om minsken dea te dwaan. Sokke kampen waarden troch nazi-Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich stichte.
De kampen wurde ek wol deadekampen neamd. It ferskil mei oare konsintraasjekampen sit der him yn dat oare kampen ek wol in oar - ekonomysk as propagandistysk - doel hawwe koenen mei de (lytse) kâns dat de finzenen nei in skoft tiid frijlitten waarden.
De kampen wienen ornearre om op grutte skaal en sa fluch at koe minsken dea te meitsjen, meast middels gifgas. It gie benammen om Joaden, mar ek Roma (sigeuners), Poalen en tsjinstanners fam it Nazirezjym.
Kampen
bewurkje seksjeDe ferneatigingskampen:
- Auschwitz yn Poalen (1,1 miljoen deaden.
- Treblinka yn Poalen (900.000 deaden.
- Bełżec yn Poalen (436.000 deaden)
- Chełmno (Dútsk: Kulmhof) in Poalen (340.000 deaden)
- Majdanek ûnder Lublin yn Poalen (rûsd op 300.000 - 350.000 deaden)
- Sobibór yn Poalen (170.165 deaden. Guon boarnen sizze 150.000 oant 250.000 deaden.
- Maly Trostenets yn Wyt-Ruslân (40.000 - 65.000 deaden.
Auschwitz, Treblinka en Majdanek wienen teffens wurkkamp.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nazi extermination camps fan Wikimedia Commons. |