Ferrizenistsjerke (Vitebsk)
De Tsjerke fan de Opstanning fan Kristus op it Merkplein (Wyt-Russysk: Храм Воскресения Христова на Рыночной площади) yn de wyt-russyske stêd Vitebsk is in nije otterdokse tsjerke, dy't neffens de yn 1936 troch de bolsjewiken ferneatige 18e-iuwske tsjerke yn 2009 rekonstruearre waard.
Ferrizenistsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Wyt-Ruslân | |
plak | Vitebsk | |
koördinaten | 55° 11' N, 30° 12' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
eparchy | Vitebsk-Orsja | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1772; weropbou 2009 | |
sloopjier | 1936 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân | |
monumintnûmer | 212Г000086 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIn houten otterdokse tsjerke bestie yn alle gefallen al yn 1558. Dy tsjerke is te sjen op in tekening út 1664 fan Vitebsk. De tsjerke baarnde faak ôf en waard ek jimmeroan wer opboud.
Op it plak waard yn 1772 in nije stiennen tsjerke foltôge, dy't net otterdoks mar gryksk-katolyk waard. De tsjerke krige ek de foarm fan in typyske katolike tsjerke en waard yn 'e Vilnius-barok boud. Neffens guon wie de arsjitekt fan de tsjerke Johann Christoph Glaubitz, dy't ek de Sofiakatedraal yn Polotsk ûntwurp. In ferhaal wol ha dat Napoleon de tsjerke sa moai fûn, dat er by de besetting it net oandoarde om it gebou te plonderjen.
Yn 1834 waard de tsjerke wer otterdoks en yn it ramt dêrfan folge in ferbouwing troch de arsjitekt Porto om de tsjerke geskikt te meitsjen foar de otterdokse rite.
Sloop
bewurkje seksjeDe Ferrizenistsjerke fan Vitebsk waard yn jannewaris 1936 troch de Sovjetautoriteiten opblaasd. Foar de ferneatiging waard it motyf troch de autoriteiten oandroegen dat de tsjerke yn it paad stie foar it ferkear. Der waard lykwols al yn 1940 erkend dat de sloop in ekses wie en dat in om in arsjitektonysk monumint gyng, dat foargoed ferlern gien wie.
Weropbou
bewurkje seksjeIt duorre oant nei de fal fan it kommunisme dat der foar it earste echte plannen ûntwikkele waarden om it monumint wer op te bouwen. Oer de fraach oft de nije tsjerke in otterdokse of in katolike tsjerke wurde moast, folge lykwols noch in lang debat, dat by eintsjebslút einige yn it beslút dat it in otterdokse tsjerke waard, mar dat weropbou plakfine soe yn de styl sa't dy troch de uniaten yn 1772 boud wie. It iennige ferskil mei dy tsjerke is de lytse dakruter midden op it dak en de koepel yn de tsjerke, dy't allinne fan binnen te sjen is.
Op 10 july 2009 waard de nije Ferrizenistsjerke plechtich ynwijd en iepene foar de otterdokse mienskip. De bou waard û.o. mooglik makke troch de ynwenners fan Vitebsk, dy't bakstiennen foar de bou keapje koene, dêr't de namme fan de donateur yn gravearre waard.
It ynterieur fan de tsjerke waard dekorearre mei help fan lokale keunstners. Sa makke Segej Petrov de ikoan "De ôfdaling fan Jezus yn de hel". De grutte kroanluchter yn it tsjerkeskip hat in diameter fan trije meter en in gewicht fan 600 kilo. Yn de tuorren hingje 11 klokken. Ien fan de klokken komt út Nederlân en is begjin 19e-iuwsk. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de klok as oarlochsbút meinommen nei Wyt-Ruslân.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe Ferrizenistsjerke is net in grut, ienskippich gebou yn de styl fan de Vilnius-barok. De healrûne apsis hat in noardlike oriïntaasje mei sakristiën oan beide kanten, sadat it bouwurk in rjochthoekich grûnplan hat.
De gevel fan de tsjerke wurdt fan wjerskanten flankearre troch twa tuorren. Tusken de tuorren is in barok fronton, dat yn 'e 19e iuw ferfongen wie troch in klassisistysk leger fronton.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенская церковь (Витебск)
|