Fersoargingsplak Breesândyk

Fersoargingsplak Breesândyk is in fersoargingsplak oan de A7 Zaandam-Bad Nieuweschans op de Ofslútdyk. It leit oan de westside fan de A7, mar te berikken foar beide rjochtingen troch in fiadukt. It heart ta de gemeente Súdwest-Fryslân.

Breesân

It fersoargingsplak is neamd nei ien fan de fjouwer wurkeilannen dy't brûkt waarden foar de oanlis fan de Ofslútdyk: Breesân. Op dit eilân leit ek it doarpke Breesândyk dat 4 (2004) ynwenners hat.

By it fersoargingsplak leit in tankstasjon fan Texaco.