Fertrouwen

(Trochferwiisd fan Fertrouwe)

Fertrouwen, betrouwen of fidúsje (fan it Latynske fiducia, mei deselde betsjutting) is in gemoedstastân en emoasje dy't men ûndergiet as men jinsels út frije wil ôfhinklik makket fan 'e aksjes fan in oar. Dejinge dy't fertrout, ferlit him dan op dejinge dy't fertroud wurdt of yn wa't men fertrouwen stelt. Soksoarte sitewaasjes binne altyd rjochte op 'e takomst, hoewol't ûnderfinings út it ferline in grûnslach foar it fertrouwen fan no skeppe kinne. Om't er sels gjin sizzenskip mear oer de fierdere ûntjouwing fan 'e oangeande sitewaasje hat, is dejinge dy't fertrout ûnwis oer de útkomst, dy't ommers ôfhinget fan 'e dieden fan dejinge dy't fertroud wurdt. Dejinge dy't fertrout kin inkeld ôfwachtsje hoe't it beteare sil en neitiid evaluëarje oft syn fertrouwen rjochtlik wie of dat dejinge dy't fertroud waard it yn him stelde fertrouwen beskamme hat. De ûnwissichheid betsjut dat der in risiko bestiet dat dejinge dy't fertrout skea oprinne sil troch it fertrouwen dat er stelt yn dejinge dy't fertroud wurdt.

Fertrouwen kin fan tapassing wêze op 'e relaasje tusken twa minsken, mar der kinne ek mear lju by it fertrouwen belutsen wêze. Ferkiezings foarmje yn beskate sin in fertrouwensbân dêr't it hiele lân by belutsen is, mei't de kiezers derop fertrouwe moatte dat dejingen dy't sy yn it parlemint kieze, harren belangen dêr oprjocht fertsjintwurdigje sille. In beropsmjittige fertrouwensrelaasje bestiet fierders ek tusken bgl. in dokter en syn pasjinten of in abbekaat en syn kliïnten; foar sokke beroppen bestiet formele regeljouwing (yn 'e foarm fan it beropsgeheim) dy't it beskamjen fan fertrouwen foarkomme moat.

As it giet om 'e relaasje tusken minsken en technology binne sosjologen en psychologen, dy't it begryp 'fertrouwen' ûndersykje, it der net oer iens oft de term fertrouwen ek dêrop fan tapassing is. Guon wolle hawwe dat it wol sa neamd wurde kin as minsken harrensels mei opsetsin ôfhinklik meitsje fan technology: bgl. as se harren aginda inkeld yn 'e mobile tillefoan byhâlde, sadat se alles kwyt binne as dat apparaat stikken giet. Oaren binne fan miening dat rasjonele beprakkesearring ta de konklúzje liede moat dat soks net itselde is as fertrouwen.

Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat minsken der fan natuere ta oerhingje om oaren te fertrouwen. Ek hawwe se in natuerlik fermogen om 'e fertrouwensweardichheid fan oaren te beoardieljen, dat fuortkomt út 'e neurobiologyske struktuer en aktiviteit fan 'e minsklike harsens. Guon ûndersiken wize derop dat de niging ta fertrouwen feroare wurde kin troch de tapassing fan it hormoan oksytosine.

Yn 'e sosjale wittenskippen binne de details fan it begryp 'fertrouwen' noch altyd folop it ûnderwerp fan ûndersyk. Yn 'e sosjology en de psychology jout de mjitte fan fertrouwen dy't immen yn in oar skept, oan ynhoefier't men leaut yn 'e oprjochtens, earlikheid en/of goedaardichheid fan 'e oare. It beskamjen fan fertrouwen wurdt oer it algemien earder ferjûn as dat fuortkomt út in gebrek oan kompetinsje (oftewol in gebrek oan fermogen) as út in gebrek oan goedaardichheid of oprjochtens. Selsfertrouwen, dat op jinsels rjochte is, hat net folle mei fertrouwen te krijen, mei't dêrby gjin sprake is fan in sitewaasje wêrby't ûnwissichheid in rol spilet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.