Fetzastate wie in state dy't benoarden Dronryp stie, gemeente Menameradiel, in eintsje westlik fan it noch besteande hûs Schatzenburg. Op it steed stiet no in pleats.

Fetzastate yn 1723
Lolle fan Ockinga

De Fetzastate moat al yn de 15e iuw of earder boud wêze. Yn 1529 wie Aelcke fan Hermana, widdo fan Lolle Heres fan Ockinga eigenaresse fan Dotingastate, dat se grif fan har heit Hobbe Taeckes fan Hermana erfd hie. Hja hie oant har twadde houlik op Fetzastate wenne.
Lolle fan Ockinga wie al yn 1520 stoarn en leit begroeven yn de tsjerke fan Dronryp. Op syn opfallende grêfstien is in ridder yn fol ornaat ôfbylde. Hy wie in haadling, in hearskip fan stân út de 15e iuw, mar ien fan de lêste fan syn soarte.

Syn soan Watze libbe yn in hiel oare iuw. De feodale fetes wienen ôfrûn en om jins sin te krijen moast it mei praten ôfdien wurde. Watze studearre dêrom rjochten, wie in skoftlang grytman fan Menameradiel (1540-1542), mar it grutste diel fan syn libben Riedshear oan it Hof fan Fryslân (1549-1575). Hy waard ek wol “De Alde” neamd.
Yn de midden fan de 17e iuw, yn elk gefal yn 1656 en 1665 wie de state eigendom fan Douwe fan Ockinga.

Om 1670 komt de state yn hannen fan de oerste Watze fan Burmania en letter fan syn widdo Fed fan Cammingha. Om 1700 is besitter de âld-kapitein Taecke Sybrand fan Burmania. Hy wie ferslingere oan de “bullescheyt” (sterke drank) en rekke yn jildneed. Misskyn ek wol oamkeard, troch jildneed oan de drank. Hy ferkocht op in stuit “de magnifique alé of opreed na Fetza, bestaande uit 6 rijen vleurige yperen boomen om nooddruft voor half geld”. En dat wie spitich, sa skriuwt master Roucoma fierder yn syn kronykje, want “ ’t was een cieraad van de Rijp en soo mooy en regulier als er een in de provincie waare”. As soks foar heal jild ferkocht wurde moat stiet it der yndie net goed foar mei de finânsjes en it liket derop dat de state stichoan ôftakele. Om 1750 is it moaie hûs mei trepgevels, grêft, poarte en al “gansch vervallen”.

  • > 1520 Lolle fan Ockinga
  • 1520-1529 Aelcke fan Hermana
  • 1529-1575 Watze fan Ockinga
  • ± 1660 Douwe fan Ockinga
  • ±1670 Watze fan Burmania
  • Fed van Cammingha
  • ± 1700 Taecke Sybrand fan Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: