Fierljepferiening De Lege Wâlden
Fierljepferiening De Lege Wâlden is de fierljepferiening fan De Jouwer. De feriening bestiet sûnt 1984 en hat sûnt 1992 in fierljepskâns oan de Koarte Ekers. Jierliks wurdt sprongen om de 'Lege Wâldencup'.
Skiednis
bewurkje seksjeFoar 1992 waarden al ljepwedstriden organisearre efter it molkfabryk 'De Lege Wâlden' fan Eagmaryp. Dy skânsen waarden foar elke wedstryd opboud troch Eagmarypsters. Nei in ruilferkaveling kaam der troch gymnastykferiening UTY in fêste akkomodaasje oer it kanaal tusken Terkaple en Goaiïngaryp. Op de akkomodaaje Eagmaryp waarden alle jierren twa wedstriden hâlden ûnder tafersjoch fan it Frysk Ljeppers Boun (FLB).
Yn 1985 feroare de opset fan it bûn, en moast elke ôfdieling in feriening wurde. UTY krige net genôch leden dêrfoar. Der wiene op De Jouwer lykwols in oantal ljeppers dy't de Eagmarypster skânsen as oefenlokaasje brûkten. Dy springers joegen de oanset ta de yn 1984 oprjochte Jouster fierljepferiening 'de Lege Wậlden. Yn 1987/1988 waarden de fierljepskânsen ferpleatst nei de lokaasje oan de Koarte Ekers. De namme blau lykwols “de Lege Walden”.
Underskiedings
bewurkje seksjeYn 2008 waard Wybe Valkema uit Joure ûnderskieden troch it FLB as trainer fan De Lege Wâlden en ûnder oaren it fersoargjen fan fierljepdemonstraasjes foar it FLB yn binnen- en bûtenlân, wêrûnder yn 1999 yn Japan. Boppedat makke hy diel út fan de jubileumkommisje fan it 50-jierrich bestean fan it FLB.
Yn 2009 krige de feriening mei har 25-jierrich bestean in spesjale bûnsoarkonde fan it FLB. Dit as blyk fan wurdearring 'foar de entûsjaste en profesjonele wize wêrop de feriening har sportive bydrage levere oan de fierljepsport'.[1]
Winners fan de Lege Wâldencup
bewurkje seksje- 2016 - net hâlden, de skâns wie ôfkard
- 2015 - Thewis Hobma
- 2014 - Thewis Hobma
- 2013 -
- 2012 - Bart Helmholt
- 2011 - Bart Helmholt
- 2010 - Bart Helmholt
- 2009 - Bart Helmholt
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|