Fierspringen

(Trochferwiisd fan Fierspringer)

It fierspringen is in machtsport, ûnderdiel fan de atletyk dêr't it doel by is sa fier as mooglik te springen.

By it fierspringen yn syn hjoeddeiske foarm mei de springer in oanrine nimme. Dan set er ôf fan in ôfsetbalke om de faasje yn in sprong om te setten. Per slot komt er yn de sânbak te lâne dy't foarby de ôfsetbalke leit. De lingte fan de sprong wurdt mjitten fan de ôfsetbalke oant de ôfdruk dy't de atleet yn it sân makke hat. Hjirby jildt dan it punt fan de ôfdruk it tichts by de balke. Ornaris hat de atlyt trije besiken om de fierste sprong te meitsjen. Yn ynternasjonale fierspringwedstriden is der in finale foar de bêste acht, dêr't ek wer trije sprongen besocht wurde kinne.

Efter de ôfsetbalke is noch in meter fêste grûn, dat immen dy't de goede sprong misse soe net daalks op 'e bek giet om't er yn it sân stapt. Lykwols mei op dat stik net ôfset wurde; at der sels mar in tean foarby de balke delset wurdt dan jildt de sprong net mear. Oarsom is it ek saak om by it delkommen gjin stipe efterút te sykjen, om't dêrtroch in ôfdruk tichter by de balke komt, dêr't de mjitten ôfstân dan koarter mei wurdt.

Fierspringen is ek ien fan de nûmers fan de mearkampen yn de atletyk: foar manlju de tsienkamp, foar frouju de sânkamp. Om 1900 hinne wie der njonken it fierspringen mei oanrin ek in atletyknûmer fierspringen út stân. Dat wurdt lykwols ornaris net mear as sport dien.