Finsint fan Beauvais

Finsint fan Beauvais (latinisearre: Vincentius Bellovacensis) (om-en-by 1190 - 1264) wie in Frânske dominikaanske muonts, learde en ûnderwizer, dy't in soad kunde yn de bopperein fan de Frânske maatskippij hie.

Vincent de Beauvais

Hy skreau de meast wiidweidige midsiuwske ensyklopedy, Speculum maius ('De grutte spegel'), dy't út trije specula bestiet; it Speculum naturale, it Speculum doctrinale en it Speculum historiale.

Oer syn libben is net folle witten. Faaks hâlde er in skoft ta yn it dominikanerkleaster yn Beauvais dat op oanstean fan kening Loadewyk IX stichte wie. Neitiid moat er yn alle gefallen lector, dosint yn de teology, yn it keninklik kleaster Royaumont west hawwe. Fanwege leden fan it Frânske keningshûs skreau Vincent de measte fan syn boeken.

Benammen it Speculum historiale is yn in protte hânskriften oerlevere. Neist de ensyklopedy skreau er noch in ferskaat oan lytsere traktaten, sa as dy oer it opbringen fan keningsbern, De eruditione filiorum regalium.

Keppeling om utens

bewurkje seksje