Haadmenu iepenje

De Finzenskipsbrieven binne 4 fan 'e 21 brieven yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. Dêrby giet it om:

Dizze brieven, wêrfan't trije ta Brieven fan Paulus (yn ingere sin) hearre (Efeziërs, Filippiërs en Kolossers), en ien ta saneamde Pastorale Brieven (Filémon), wurde fan Finzenskipsbrieven neamd om't de apostel Paulus se skreaun hawwe soe doe't er yn it tichthús siet.

Sawol it skriuwerskip as de datearring is by (guon fan) dizze brieven problematysk. Wat it skriuwerskip oangiet, wurdt hjoed de dei almar mear yn 'e kiif steld dat Paulus it Brief oan 'e Efeziërs skreaun hawwe soe, en syn skriuwerskip fan it Brief oan 'e Kolossers wurdt troch guon bibelwittenskippers en teologen krektlyk betwifele. Oannommen dat Paulus àl de auteur is, tinke de measte saakkundigen op it mêd fan 'e datearring fan 'e fjouwer brieven oan 'e perioade 61-63, doe't er yn Rome fêstholden waard. Mar ek 54-57, doe't er yn it Lytsaziatyske Efeze fêstsiet, en 58-61, doe't er yn it Palestynske Sesareä yn it tichthús siet, komme yn oanmerking.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.