Fioletara
De fioletara (Anodorhynchus purpurascens) is in hypotetyske fûgel út it skaai blauwe ara's (Anodorhynchus). De fûgel soe op Gûadelûp libbe ha.
Fioletara | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anodorhynchus purpurascensi | ||||||||||||
Rothschild, 1905 | ||||||||||||
Don de Navarette ferhelle yn in yn 1838 publisearre reisberjocht oer it bestean fan 'e fioletara op Gûadelûp: le gros Perroquet de la Guadaloupe, de grutte pappegaai fan Gûadelûp. Hy skriuwt fierder dat de bewenners fan it eilân de fûgel meast onécouli neamden. Oare boarnen oer it werklike bestean fan 'e fûgel ûntbrekke en neffens James Greenway gie it om in sleauwe beskriuwing fan 'e Gûadelûp-amazône of om in ymportearre idigo ara út Súd-Amearika.
Allinne op basis fan 'e fermelding fan Don de Navarette hat de Britske soölooch Walter Rothschild de mysterieuze pappegaai in wittenskiplike namme jûn en beskreaun. Yn syn boek "Extinct Birds" fan 1907 publisearre er in blauwe ara, dy't op 'e indigo ara liket.
Mocht de fioletara ea bestien ha, dan is dy soarte oan it begjin fan 'e 19e iuw útroege.
Beskriuwing
bewurkje seksjeAs de fioletara bestien hat, wie it in middelgrutte ara. De kleur fan 'e fearren fan 'e fûgel wie hielendal pearsblau of djip fiolet. Fioletara's hiene in swartgrize snaffel mei by de ûndersnaffel in giel stikje hûd. De fûgel hie grize poaten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Rotschillernder Blauara
|