Fisjnû
Fisjnû of Vishnu (IAST viṣṇu, Devanagari विष्णु), ek wol Narayana, Fasûdeva, Mádhava en Trikrama neamd (trije stappen), is binnen de Trimurty it ûnderhâldende, soargjende of beskermjende aspekt fan God yn 'e skepping. Fisjnû is it aspekt fan God dat alle dingen yn it universum trochkringt en ûnderhâldt. It skeppende en kreative diel fan God wurdt fertsjintwurdige troch Brama en it transformative of destruktive aspekt troch Sjiva. Op Baly waarden Sjiva en Fisjnû soms as ien god fereare. Foar de Faisjnavas (Fisjnû-oanbidders) is Fisjnû de beskermgod.
Tegearre mei syn frou Laksjmy, de goadinne fan 'e leafde, hat Fisjnû Kamadeva as syn neisiet.
Mytologyske foarstelling
bewurkje seksjeFisjnû wurdt meastentiids ôfbylde sittend op in grutte earn, Garûda, mei syn frou Laksjmy, de goadinne fan oerfloed, skientme en lok. Fisjnû wurdt dan yn swart of blau ôfbylde mei fjouwer earms, wêrmei't hy in dungkhar, in loatusblom, in diskus en in kneppel fêsthâldt, dy't ferskate kwaliteiten fan dizze god fertsjintwurdigje.
Binnen it Faisjnavisme wurdt Fisjnû sjoen as de oergodheid dêr't alle skepping en alle oare goaden út ûntstien binne. Yn dizze hoedanichheid wurdt hy faak ôfbylde yn 'e oseaan fan molke, in diel fan it kreative proses. De blauwe kiel (Nilakantha) komt fan it fergif Halahala, dat frijkomt by it tsjernjen.
Avatars
bewurkje seksjeNeffens bepaalde hindû-bewegingen (benammen binnen it Faisjnavisme) soe Fisjnû tsien kear nei de ierde komme yn 'e foarm fan tsien saneamde avatars (ynkarnaasjes fan God), om de wrâld en it minskdom yn ferskate perioaden fan 'e skiednis fan ferneatiging te rêden. De tsien avatars fan Fisjnû binne neffens dizze streamings:
- Matsya, de fisk
- Koerma, de skyldpod
- Faraha, de wylde baarch
- Narasimha, de mantsje-liuw
- Famana, de dwerch
- Parasjûrama, de strider
- Rama, de ideale soan, man en kening
- Krisjna, kijhoeder, fertelt de manier fan it libjen
- Bûda
- Kalky, de ruter op it wite hynder, de ienige ynkarnaasje dy't noch komme moat.
De twa wichtichste fan dizze avatars yn it moderne Faisjnavisme binne Krisjna en Rama.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Brama, Fisjnû en Sjiva tegearre mei harren respektivelike partners Sarasvaty, Laksjmy en Parvaty sitte elk op in loatusblom, om 1770 hinne
-
Fisjnû sit op Garûda dat is op Badawang, Wrâldmuseum Amsterdam
-
Fisjnû sit op 'e slang Sjesha, wylst Laksjmy syn fuotten massearret en de fjouwerkoppige Brama berne wurdt út de nâle fan Fisjnû, 1780-1790
-
Garûda mei Fisjnû en Laksjmy, sawat 1820
-
Op fersyk fan Arjûna lit Krisjna (yn 'e foarm fan Fisjnû) him syn wiere foarm sjen mei alve ekstra koppen en alve pear ekstra earms.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|