Garûda
Garûda of Garoeda is in godheid yn it hindoeïsme, diels minske, diels earn. Hy wurdt benammen ôfbylde as de berch (fahana) fan de god Fisjnû. De Garûda's foarmje ek in klasse fan goaden (of boppenatuerlike wêzens) yn it boedisme en it hindoeïsme. Myten oer Garûda binne wiidferspraat yn Súd-Aazje; Tailân en Yndoneezje hawwe it skepsel as nasjonaal symboal.
Hindoeïsme
bewurkje seksjeGarûda is in mytologysk skepsel: diels minske, diels fûgel. Hy is de berch fan 'e hindoegod Fisjnû. Yn de Khmermytology is it ek de Hindoegod Krisjna, mar allinich as ôfbylde as in avatar (ynkarnaasje) fan Fisjnû. Garûda is fierders de kening fan de fûgels en is in neisiet fan Kaśyapa en Finata, ien fan de dochters fan Dakṣa. Hy is ek de aartsfijân fan Naga's. Hy erfde dy eigenskip fan syn mem, dy't ienris skeel hie mei Kadrû, har suster en, lykas har, troud mei Kasyapa. Kadrû is de mem fan tûzen naga's.
De gloede fan Garûda is skitterjend, wêrtroch't de goaden ferkeard leauwe dat hy Agny wie, de fjoergod, en him oanbidde. Garûda wurdt faak ôfbylde as in skepsel mei de kop, bek, wjukken en sturt fan in earn. Hy hat lykwols de romp en de lea fan in minske. It hat in wyt gesicht, reade wjukken en in gouden lichem.
Fierders hat er in soan mei de namme Sampāty. Syn frou is Unnaty of Wināyakā. Neffens de Mahabharata joegen syn âlden him de frijheid om minsken te iten. Hy mei lykwols gjin Brahmanen opslokke. Ienris slokte er in Brahmaan en syn frou op, mar syn kiel baarnde en hy spuide har daliks út.
Der wurdt sein dat Garûda ienris de amṛita (ambrosia) fan de goaden stellen hat. Hy brûkte it as losjild om syn mem fan Kadrû te befrijen, mar Indra krige it yn’e gaten en focht tsjin him.
Boedisme
bewurkje seksjeIt ferhaal fan Garûda ûntstie yn Yndia en waard ferspraat nei oare gebieten yn Aazje. Der binne tûzenen boedistyske teksten oer Garûda yn Tibet, Sina, Japan, Súdeast-Aazje en Yndoneezje. Yn Tibet is syn namme Khyung. It hat ferskuorrende diminsjes en is by steat om it sinneljocht te blokkearjen mei syn wjukken. Khyung is in fersliner fan naga's. Yn 'e Nyingma-tradysje fan it Tibetaanske boedisme en yn 'e tradysje fan 'e Bon-religy spilet er in wichtige rol yn de lear fan 'e Dzogchen. Dêr ferneatiget er it fergif, wat eins ûnwittendheid betsjut.
Yn Sina wurdt er Grutte Peng neamd. Yn 'e Sineeske literatuer is der minder klam op it ferslinen fan draken. Grutte Peng ferskynt ferskate kearen yn in oantal romans, lykas De Skiednis fan Yue Fei. Yn De Reis nei it Westen, ien fan 'e fjouwer klassike romans fan 'e Sineeske literatuer, is Grutte Peng de tsjinstanner fan 'e apekening Sun Wukong. Yn Japan hjit er Karura. Hy is ien fan 'e farianten fan 'e bodhisattva Kannon, de Japanske fariant fan Avalokitesvara, dy't middels de Sineeske fariant Guanyin yn Japan oankaam. Yn 'e hindoeïstyske literatuer is Garûda in yndividuele entiteit. Benammen yn Japanske en Tibetaanske literatuer binne der mear entiteiten dy't diel útmeitsje fan itselde mytyske soarte.
Garûda as nasjonaal symboal
bewurkje seksjeGarûda waard keazen troch kening Fajiravudh as it nasjonaal symboal fan Tailân yn 1911 en is it sintrale elemint yn it wapen fan Yndoneezje. Yn it Yndonesyske wapen hat it santjin fearren op elke wjuk, acht sturtfearren, njoggentjin fearren boppe de sturt en 45 nekkefearren. Mei-elkoar fertsjintwurdigje se de dei wêrop't de Yndonesiërs harren ûnôfhinklikens útrôpen: 17 augustus (de achtste moanne) 1945.
Op de banner dy't de Garûda hâldt stiet: Bhinneka Tunggal Ika, dat betsjut "Ienheid yn ferskaat".
De Pancasila, fiif prinsipes foar de Yndonesyske steat, wurde symbolisearre op 'e boarst fan' e Garûda yn it Yndonesyske wapen:
- De Stjer
- De sletten keatling
- De Waringinbeam
- De Banteng
- De Rysstâle en Katoentûke
Ofbylden
bewurkje seksje-
It wapen fan Yndoneezje
-
Garûda as nasjonaal symboal fan Tailân
Oare nammen foar Garûda yn it Sanskryt
bewurkje seksjeGarûda hat ferskate nammen en bynammen yn it Sanskryt.
Wenstige nammen
bewurkje seksje- Kaśyapy
- Wainateya
- Suparna
- Garutmān
- Dakṣāya
- Śālmalin
- Tārkṣya
- Wināyaka
Bynammen
bewurkje seksje- Sitānana, 'wyt antlit'.
- Rakta-pakṣa, 'reade wjukken'.
- Śweta-rohita, 'de wyt-reade'.
- Suwarṇakāya, 'goudlivige'.
- Gaganeśwara, 'kening fan de loft'.
- Khageśwara, 'kening fan de fûgels'.
- Nāgāntaka, 'drakedeader'.
- Pannaganāśana, 'drakedeader'.
- Sarpārāty, 'fijannen fan de slangen'.
- Taraswin, 'de flugge'.
- Rasāyana, 'dy ’t him tige fluch beweecht as in sulver'.
- Kāmachārin, 'dy’l giet dêr’t syn hert nei longeret'.
- Kāmāyus, 'dy’t libbet mei wille'.
- Chirād, 'soadfretter'.
- Wiṣṇurata, 'Fishnû syn striidwein'.
- Amṛtāharaṇa, 'amṛita-steller'.
- Sudhāhara, 'dief'.
- Surendrajit, 'Indra's oerwinner'.
- Wajrajit, 'wjerljocht-ferneatiger'.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Garûda by in kecakfoarstelling op Baly
-
Balineesk houtfykwurk; Fisjnû en Garûda
-
Balineesk houtfykwurk; Fisjnû op syn ryddier Garûda
-
Garûda fan goud - Tailân, earste helt fan de 20e iuw
-
Garûda en Fisjnû as boechbylden yn Tailân
-
Detail fan de holle fan in Garûda yn Wat Phra Kaew, Bangkok
-
Fisjnû op Garûda yn de Khmertimpel Prasat Kravan
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Garuda fan Wikimedia Commons. |