Fiswert wie in delsetting en pleats noard fan de noardlike stedsgrêft fan Ljouwert. Letter wurdt er ek oanjûn as begraafplak.

Oare nammen binne Fisward en as tsjerke: Fiswerd. It is dan it oerbliuwsel fan it om 1470 stifte kleaster, Sint Annakonvint, fan de susters fan it Miene Libben (letter Tertsiaressen) dat yn 1510 fan de terp nei in plak binnen de stedsmuorren ferhuze.

Yn 1830 waard de terp sljochte en de terpierde oer it lân ferspraat en waard begûn mei it oanlizzen fan it Algemiene Begraafplak Spanjaardslaan, likernôch op it plak fan de âld terp. [1]

De terp waard ek wol skreaun as Wyswert, Wiswert en Wyswerd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skiednis begraafplak Spanjaardslaan, Ljouwert.