Flagge fan Ald Beets

De flagge fan Ald Beets is de flagge fan de buorskip Ald Beets, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 2000 registrearre.

Flagge fan Ald Beets

It ûntwerp is fan Jelle Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

Linksskean yn fjouweren fan read, giel, grien en giel, wêrfan't de earste dielline rint fan de broekhoeke oant 2/3 fan de ûnderside oant de flechttop en de tredde dielline fan 2/3 fan de ûnderside fan de helte fan de flechtside; op it read in giele leelje fan 3/5 flaggehichte.

De kleuren komme út it wapen fan Ald Beets.

  • Giele en griene banen: ferwize nei it grûngebrûk en de ferkaveling fan Ald Beets. It giel ferwiist nei de sângrûn en nôt. It grien ferwiist nei de greiden.
  • Read fjild: oernommen út de wapens fan belangrike famyljes út de buorskip. Foarbielden binne de wapens fan Fockens, Lycklama à Nijeholt, Van Lynden en Van Boelens.
  • Giele leelje: stiet foar de belangrike posysje dy de buorskip hie. Ek komt de barchjeblom in soad foar yn de omkriten fan de buorskip.