Flagge fan Barradiel

De flagge fan Barradiel is de flagge fan de eardere gemeente Barradiel, yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân. It wapen waard yn 28 juny 1963 oannommen en is sûnt 1 jannewaris 1984 net mear as gemeenteflagge yn gebrûk.

Flagge fan Barradiel

It ûntwerp is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.

Beskriuwing

De flagge is gearstald út trije horizontale banen yn de kleuren blau, giel en grien 1:2:1, mei in wite rjochthoekige broekingstrijehoeke en, mei de assen troch de broektop en broekhoeke geande swarte keper mei rjochte tophoeke en in tsjokte gelyk oan 1/12 fan de flaggehichte.

Beskriuwing

  • Blauwe baan: stiet foar it wetter.
  • Giele baan: ferwiist nei de nôtskeaf út it wapen fan Barradiel.
  • Griene baan: ferwiist nei it lân.
  • Wyt flak: stiet foar de Waadsee, dêr't Barradiel oan lei.
  • Keper: stiet foar de seedyk dy't Barradiel beskermet fan de see.