Flagge fan Beetstersweach

De flagge fan Beetstersweach is de flagge fan it doarp Beetstersweach, yn de Fryske gemeente Opsterlân. De flagge waard yn 1976 registrearre.

Flagge fan Beetstersweach

It ûntwerp is fan Jelle Terluin.

De beskriuwing fan de flagge is:

In broekside fan blau en giel; op it blau in giele, reade fierde antike kroan fan 7 punten en dêr ûnder in giele klaver, en in flechtside fan giel en read.

De kleuren komme út it wapen fan Beetstersweach.

  • Yndieling yn fouwer rjochthoeken: oernommen út de flagge fan Opsterlân.
  • Klaver: symboal foar de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
  • Kroan: ferwizing nei it Keningsdjip súdlik fan it doarp. Ek ferwiist de kroan nei de aadlike famyljes dy yn it doarp wenne ha.